Sportklup Hearrenfean mei opnij earedivyzjeseizoen iepenje

Hearrenfean - Sparta fan ôfrûne seizoen © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean iepenet op freed 5 augustus it nije earedivyzjeseizoen mei in thúswedstriid tsjin Sparta Rotterdam. Dat hat fuotbalbûn KNVB tiisdei bekendmakke.
It wurdt it tredde seizoen op rige dat Hearrenfean de kompetysje iepenje mei. Op sneon 6 augustus spilet Cambuur syn earste wedstriid fan it seizoen 2022/23. De Ljouwerters spylje thús tsjin promovendus Excelsior.
It folsleine spylskema fan de earedivyzje wurdt woansdei bekendmakke.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.