Ein oan hege brânstofprizen noch net yn sicht: disel en griente djoerder

Tanke © Shutterstock.com
De ein fan de hege prizen foar brânstof is noch net yn sicht. Oan de pomp sille de gefolgen fan de oarloch noch langer te fernimmen wêze en ek túnkers sjogge de prizen omheech gean.
Gazprom is moandei opholden mei de gearwurking oan it Nederlânske Gazterra en de EU fiert in boycot op Russyske oalje yn. By oaljehannel Veenema Energy yn Snits seagen se dy boycot al oankommen.
Neffens Harold Veenema is der in skokeffekt yn de prizen te sjen dy't yn it ferrin fan de dei fluktuearret, en dat is unyk. "Dat hawwe wy mar in pear kear meimakke. Mei corona en mei it begjin fan de oarloch, mar it is reedlik bysûnder dat dit no bart."
Túnkers fernimme foaral de gefolgen fan de Russyske gasstop. QLP hat yn Seisbierrum sa'n 30 bunder kassen stean. In grut part dêrfan wurdt op it stuit ferwaarme mei ierdgas. Dêrnjonken brûkt it bedriuw ierdgas foar de produksje fan CO2 foar de planten. "De prizen binne ferfjouwerfâldige. Dat hat in enoarme ynfloed op ús bedriuw", seit Meinte Meinsma fan QLP.

Kostprizen omheech

It kin noch wol goed in wike duorje foar't minsken in priisferskil oan de tank fernimme. De kâns is grut dat diselriders mear betelje moatte, om't dy disel makke wurdt fan Russyske oalje. Oer de langetermyneffekten doart Veenema gjin útspraken te dwaan.
De kâns is ek grut dat de prizen fan de grienten omheech gean. It gas makket in tredde fan de kostpriis fan de grienten yn de kassen yn Seisbierrum út, mar dat wurdt hieltyd mear. "Dus de kostprizen gean omheech. Us sektor hat it dreech", seit Meinsma.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.