Spitse en Casparij mei Oranjefroulju nei EK, Kalma falt derbûten

Kerstin Casparij yn aksje foar Oranje © Orange Pictures
Sherida Spitse (Ajax) en Kerstin Casparij (FC Twente) sitte by de definitive seleksje foar it Europees kampioenskip fuotbal, dat dizze simmer plakhat yn Ingelân.
It is foar Casparij fan It Hearrenfean de earste kear dat se nei in eintoernoai giet. Spitse is der al foar de sânde kear by. Earder waard de fuotbalster fan Snits al Europeesk kampioen yn 2017 en wûn se it sulver op it WK fan 2019.

Kalma stiet stand-by

Fenna Kalma (FC Twente) sit foarearst net by de seleksje fan bûnscoach Mark Parsons, mar se mei wol mei op it tariedende trainingskamp. As in spylster út de seleksje blesearre rekket of siik wurdt, dan mei noch oant de foarjûn fan de earste wedstriid op it EK in ferfangster oproppen wurde. Dat soe Kalma dus wêze kinne.
It EK begjint op woansdei 6 july. Nederlân komt foar it earst yn aksje op sneon 9 july tsjin Sweden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.