Noed om gaspriis by swimbaden: 'Dan binne we der oer twa jier net mear'
Iepenloftswimbaden kinne dit seizoen lang om let sûnder beheiningen iepen, mar foar meardere bûtenswimbaden is de situaasje dreech. Hege gasprizen, frijwilligerstekoarten en efterstannen troch de coronakrisis soargje derfoar dat it wetter by guon swimbaden oan de lippen stiet.
By swimbad De Delte op De Gordyk hawwe se ek te krijen mei dy problemen. "It is te hoopjen dat de gasprizen wer ris wat normaal wurde. Mar as dy rjochting de trije euro gean dan hawwe we noch in jier of twa, mar dan binne wy helaas fuort", seit bestjoerslid fan it swimbad, Jan Sybrandy.
Dat soe in ramp wêze, neffens de bestjoerder. "Sa'n doarpsswimbad moat bliuwe. Fuort is fuort. It komt net wer werom as it ien kear ticht is. It hat hjir op De Gordyk in grutte sosjale funksje."
Sân cv-ketels
"Hier gaat het zoals bij de mensen thuis met een cv-ketel, alleen hier zijn het er zeven. Dus je kunt je ongeveer voorstellen wat dat betekent. In de afgelopen weken hebben we eigenlijk de piek gehad. We hebben 1.800 kuub water op 20+ moeten brengen. Dat is altijd een grote uitdaging. De energieprijzen zijn voor ons wel een bedreiging", seit ek foarsitter Twan van Duijven.
Dêrom binne se dwaande om mei de gemeente te sjen oft se ferduorsumje kinne. "Verduurzamen ook omdat we vinden dat het belangrijk is voor de aarde, maar ook omdat we vinden dat het belangrijk is voor ons voortbestaan. Als wij 20.000 of 30.000 euro op onze exploitatie kunnen besparen dan kunnen we ook andere dingen doen als het gaat over inzet van mensen en middelen bij het zwembad."
Gjin eigen adres
Dêrfoar wol it swimbad graach 500.000 euro hawwe, mar dan moat der earst in probleem oplost wurde. It swimbad hat gjin eigen adres. "Trochdat we ek gjin eigen oansluting hawwe, falle we mei bepaalde subsydzjes bûten de boat. Dus dêr binne we mei de gemeente no ek drok mei. Dat we in eigen oansluting krije, want dat is wol in betingst", seit Sybrandy.
Mar no giet de fokus earst op it simmerseizoen. "Dat is prachtich. Foar it earst yn twa jier kinne we wer gewoan iepen", seit Sybrandy.
Ferslachjouwer Casper Slotboom wie by it swimbad op De Gordyk