Joadsk ûnderdûkersplak fûn yn Ljouwert: "Alsof je in een tijdmachine stapt"
By in ferbouwing is sa'n tachtich jier nei de oarloch in Joadsk ûnderdûkplak oan it ljocht kaam. Mei help fan ûndersyk yn de argiven komt der in bysûnder ferhaal nei boppen.
"Je kunt het luik amper vinden," seit Roland Wetting. Hy rint de houten treppen op, nei de souder fan in pân oan de Nijstêd yn Ljouwert. Mei in pear grutte stappen rint Wetting nei in stik flierbedekking dat tsjin de muorre oan leit.
Ronald Wetting oer it ûnderdûkersplak
De keamer is fertutearze. Ferskate balken hâlde it dak fan it gebou oerein. "Door een lekkage zagen we dat er een soort van luik in de vloer zat. We hebben het tapijt weggesneden om te zien wat het precies was."
'Je stappe yn in tiidmasine'
Mei wat piipjen en kreakjen hellet Roland it lûk wer omheech en komt der in romte fan in meter djip en twa meter breed foar it ljocht.
Wetting: "Er liggen zelfs nog blikken soep uit de oorlog. De meeste blikken zijn ondertussen open geknapt omdat ze verouderd zijn, maar bij sommige kun je het etiket nog lezen. Je stapt echt in een tijdmachine."
It plak waard brûkt troch Wolf Salomon. Hy wie eigener fan it pân en hie der in winkel. Yn 1941 fierden de Dútsers in wet yn dat Joaden gjin winkel besitte mochten. Salomon syn frou wie net Joadsk en koe de winkel oernimme.
Nei twa jier wurdt it foar Salomon te gefaarlik om him sjen te litten yn de stêd. Hy dûkt ûnder yn syn eigen hûs. Sa'n twa jier lang bliuwt hy út it sicht fan de Dútsers en sa oerlibbet hy de oarloch.
Otto Kuipers fan Tresoar oer it ûnderdûkersplak
"Dat moat fansels grutte gefolgen hân hawwe", seit Otto Kuipers fan Tresoar. Sy dogge in soad ûndersyk nei de Twadde Wrâldoarloch. "Hy hat nei alle gedachten op de souder sitten. As der dan gefaar drige koe hy snel it ûnderdûkersplak yn."
Salomon helle de ein fan de oarloch en yn 1945 ferhuze hy nei Amsterdam. Renze Petersohn hat it measte ûndersyk nei Salomon op him naam.
Op 4 maaie wurde de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch betocht. Ien fan de aktiviteiten is 'Open Joodse Huizen en Verzetsstrijdershuizen.' Belangstellenden kinne dan by huzen del dêr't ûnderdûkers sieten.
Dûbeld opfangplak
It gebou oan de Nijstêd docht ek mei. "Want dit hûs hat in dûbelde funksje hân," seit Kuipers. "Yn de lêste moannen fan de oarloch hawwe hjir noch fersetsstriders sitten. Dy wiene nei alle gedachten yn gefaar en hawwe de lêste moannen hjir trochbrocht. Oan de ein fan de oarloch binne de fersetsstriders fuortendaalks ôfreizge."
It plak is nei 4 maaie net mear te sjen. Troch in ferbouwing wurdt it fuorthelle. "Maar we willen dit verhaal blijven vertellen," seit Ronald Wetting. "Want oorlog is van alle jaren en dat mogen we nooit vergeten. We moeten blij zijn met alle vrijheid die we hebben."