Cambuur siik, swak en mislik: "De hiele nacht troch spuie en nei it húske"
It wienen omstannichheden dy't de trainers en spilers fan Cambuur noch net earder meimakke hienen. Mei in flink úttinne seleksje troch sykte kaam Cambuur krekt tekoart tsjin Vitesse (1-0).
Sels yn it fjild wie net elkenien fit, seit oanfierder Schouten. "Er zijn nog twee of drie jongens met klachten die hebben gespeeld."
Oare spilers mei klachten heakken sneontejûn of sneintemoarn ôf. "Het was heel raar. We gingen gisteren weg en 's avonds werden al jongens ziek. Vandaag waren er mensen met diarree, anderen moesten overgeven. Alles erop en eraan."
Moarns foar de wedstriid gongen trije spilers nei hûs ta. "En voor de wedstrijd is er iemand achtergebleven in de bus en in de warming-up viel Doke Schmidt nog uit."
It wie gjin ideale situaasje, mar we ha der it bêste fan makke.
Doelman Pieter Bos skrok sels fan de situaasje. "Hast elkenien waard siik. De hiele nacht troch moasten guon nei it húske, of spuie. It wie gjin ideale situaasje, mar we ha der it bêste fan makke."
Even hong noch boppe de merk dat de wedstriid skrast wurde soe. "Maar de jongens die er waren, wilden ook gewoon spelen", seit Schouten. "Het was dan wel geen goede voorbereiding, maar de elf in het veld wilden gewoon winnen. En we hebben gestreden."
Op karakter
Dy striid soarge derfoar dat Cambuur lang hoopje mocht op in goed resultaat yn Arnhem. Flak foar it skoft kaam de thúsploech wol op foarsprong, mar grutter waard it ferskil net. "De energie was wat laag, maar we moesten het op karakter doen", seit Schouten.
Dat de Ljouwerters yn de wedstriid bleaune, wie foar in grut part te tankjen oan de sterk spyljende doelman Pieter Bos. "Hij keepte heel goed", seit syn oanfierder.
Nei de wedstriid wol Bos it sels net te bot ha oer syn eigen optreden. "Ik tink dat ik in prima pot keept ha, mar we steane wol wer mei lege hannen. We steane op it fjild om punten te pakken. Dat slagge hjoed net en de ôfrûne wiken ek net. Dat moat oars."
As Bos nei it grutte plaatsje sjocht, kin er dochs wat posityfs út de wedstriid helje. "Nei omstannichheden ha we it reedlik dien. Der sit de lêste twa wiken ek wat mear pit en agressiviteit yn. Dêrmei kinne we foarút."
Trainer Dennis Haar is it dêrmei iens. "Er stond een team, we hebben als groep gestreden. De resultaten vallen de laatste weken tegen, maar die gasten strijden wel. Tegen Go Ahead Eagles was het wat minder, maar over het algemeen valt er niets op aan te merken."
De ynterim-trainer moat wol tajaan dat de syktes derfoar soargen dat Cambuur enerzjy miste tsjin Vitesse. "We misten voorin stootkracht om echt gevaarlijk te worden. Pieter Bos hield ons in de wedstrijd. Dan blijft de kans op de 1-1 bestaan."
Cambuur hie it net maklik, mar Haar wiksele oanfallend. Spits Milan Smit kaam deryn foar kontroleur Jasper ter Heide. "We kunnen wel alleen maar tegen gaan houden, maar we merkten dat er ruimte ontstond. Dan maar op deze manier en hopen dat-ie valt."
Winne fan PSV?
Takom wike steane der gjin earedivyzjewedstriden op it programma. Foar Cambuur komt dat wol even goed út. Haar: "We hebben tijd om te herstellen. Dan moet er over twee weken tegen PSV weer een team staan dat voor de overwinning gaat."