HEA! De brievebus fan Boukje
Sûnt 1 april stiet er wer op de pier yn Harns: de reade brievebus fan Boukje Grandke. Elk dy't dat wol kin dêryn syn tinzen op papier kwyt.
Oan de ein fan de pier steane faak minsken oer see te stoarjen en te mimerjen. Wat se dêr allegearre betinke, wol Grandke graach fange. De brievebus stiet der no foar it tredde jier en hieltyd mear minsken dogge der briefkes yn. Betiden mei hiele oandwaanlike ferhaaltsjes.
Yn it Hannemahûs yn Harns sil fan 't simmer in eksposysje fan de 'Gedachten aan zee'-post út de bus te sjen wêze.