Swimbad Nij Beets hellet jild foar opknapbeurt op troch tegeladoptaasjes
Swimbad De Blauwe Kamp yn Nij Beets besiket op kreative wize mear jild te krijen, om in opknapbeurt te bekostigjen. Minsken kinne in stik fan it bad adoptearje.
It swimbad is de ôfrûne twa jier ynkomsten misrûn. Fanwege de coronakrisis en relatyf minne simmers wienen der minder minsken.
De kosten binne der wol en it bad moat no oanpakt wurde. In jier lyn is de masinekeamer reparearre, dat koste ek al sawat 40.000 euro.
Tegels adoptearje
Om nije tegels yn it swimbad betelje te kinnen, kinne swimmers en doarpsbewenners no kante meters swimbad adoptearje. Ien kante meter kostet 25 euro.
Mei de opbringst fan de 'adopsjes' moat in finansjeel gat fan 12.000 euro tichtmakke wurde.
Foar 15 maaie
Wannear't de tegels lein wurde, is noch net bekend: it tegelbedriuw wachtet noch op de tegels. De bedoeling is dat it op 15 maaie klear is, want dan giet it swimbad iepen.
De earste fjouwer kante meters binne yntusken ferkocht.