SportCast: "Schwung by Cambuur is derút, der moat gau in nije trainer komme"

SC Cambuur is yn petear mei in ynterim-trainer dy't Pascal Bosschaart en Martijn Barto de rest fan it seizoen bystean kin. De Ljouwerters spylje noch sân wedstriden.
De klup moast nei de ôfsizzing fan Dwight Lodeweges op syk nei in oare kandidaat. Dy is fûn, sa wit sportferslachjouwer Andor Faber. "It sjocht der aardich út, fertelde technysk manager Foeke Booy my. Hy ferwachtet dat der de kommende dagen mear dúdlik wurdt. Se hawwe dus wol ien fûn dy't yn it plaatsje past."

"Nije ympuls"

Neffens sportferslachjouwer Geert van Tuinen is dat ek hurd nedich. "Hy sil in aktive rol spylje moatte. Dy ploech hat in resultaat nedich. De Schwung is der wat út. Dêrom moat dy nije man sa gau mooglik presintearre wurde. Dy jout in nije ympuls."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
By sc Hearrenfean is it wer wat rêstiger as de lêste wiken. De grutste degradaasjesoargen binne fuort en mei Kees van Wonderen is der in nije trainer oansteld. Snein spylje de Feansters út tsjin Sparta Rotterdam.

"Heerenveen is iets verder"

By de tsjinstanner fan snein is âld-Hearrenfean-spiler Michel Breuer op dit stuit jeugdtrainer. Hy sjocht ek dat it by syn âlde klup net fansels giet. "Ze moeten een beetje naar beneden kijken en dat is niet heel gebruikelijk voor Heerenveen. Dat tekent wel dat het niet het beste seizoen is."
Mei Sparta giet it lykwols noch minder. Dy klup stiet ien-nei-lêste en moat fjochtsje om degradaasje foar te kommen. Breuer: "Ik schat Heerenveen wel iets hoger in dan Sparta. Ze zijn iets verder en presteren iets onder hun kunnen, maar het is daarmee niet gezegd dat Heerenveen zondag wint."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.