sc Hearrenfean mist Siem de Jong, mar Halilovic en Sarr komme werom
De sykteweach by Sportklup Hearrenfean liket oer. Tibor Halilovic, Lucas Woudenberg en Amin Sarr komme allegear wer werom foar de wedstriid fan freed tsjin Heracles Almelo.
Ek Ibrahim Dresevic is fit. Ek hy wie siik, al siet hy tsjin RKC Waalwijk wol op de bank. Siem de Jong kin lykwols net meidwaan. Hy hat lêst fan syn ljisk. Ek Pawel Bochniewicz en Djenahro Nunumete binne der net by.
Wer mei fiif ferdigeners?
De lêste wedstriid tsjin RKC Waalwijk spile Hearrenfean mei fiif ferdigeners efteryn. Hoe't coach Ole Tobiasen dit kear spylje sil, wol hy net sizze. "In deze fase van het seizoen en gezien de situatie waar we in zitten, wil ik de tegenstander niet wijzer maken. Anders wil ik best wel wat meer zeggen over wie spelen, maar nu niet."
Nei de wedstriid tsjin RKC Waalwijk wie der wer in soad krityk yn ferskate media oer it spul fan Hearrenfean.
Tobiasen: "Toch denk ik dat we de eerste helft goed gespeeld hebben. We creëren veel mogelijkheden. Ik heb de wedstrijd teruggekeken en ik kom tot 24 mogelijkheden. Momenten waarop je een kans krijgt om te scoren of dat er net een moment is dat je de bal moet afgeven. We komen er vaak genoeg, maar we maken de goals niet. Joey en Henk Veerman waren daar heel belangrijk in. En dat hebben we met de aankopen."
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en Heracles begjint freedtejûn om 20.00 oere. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Roelof de Vries.