Frisian Flag giet wer troch nei twa jier ôfwêzigens
Frisian Flag giet dit jier troch. De ynternasjonale fleanoefening waard de ôfrûne twa jier skrast fanwegen de coronakrisis.
Frisian Flag wurdt dit jier fan 28 maart oant 8 april holden. By de oefening traint de Koninklijke Luchtmacht mei oare koälysjepartners fan Fleanbasis Ljouwert ôf. De oefeningen binne twa kear deis fan moandei oant en mei freed. Yn it wykein wurdt net flein.
Dit jier dogge fleantugen út Nederlân, Frankryk, de Feriene Steaten, Kanada, it Feriene Keninkryk, Italië en Dútslân mei. Ek sille der masines ûnder de NAVO-flagge meidwaan.