Cambuur leit talint Jhondly van der Meer langer fêst
SC Cambuur hat it kontrakt mei Jhondly van der Meer iepenbrutsen en mei in jier ferlinge. It njoggentjinjierrige talint leit no fêst yn Ljouwert oant en mei 2024. De klup hat dêrneist in opsje op noch in seizoen.
Van der Meer makke foarich seizoen syn debút yn it earste alvetal fan Cambuur. Dêrfoar hie hy de jeugdoplieding fan de Ljouwerters trochrûn. Dit seizoen hat de ferdigener tsien kompetysjewedstriden meispile, wêrfan trije kear yn de basis.
It kontrakt fan Van der Meer rûn noch in jier troch, mar de klup sjocht takomst yn him en hat it mei noch in jier ferlinge.
Van der Meer is berne op Haïty en op syn sechde nei Ljouwert kaam. Hy is ek ynternasjonal fan Haïty. Folgjende wike spilet er dêrmei in ynterlân tsjin Gûatamala.

"Het is natuurlijk prachtig om een speler uit de eigen Jeugdopleiding het zo goed te zien doen bij het eerste elftal", seit technysk manager Foeke Booy.
"Jhondly heeft de afgelopen jaren grote stappen gezet en is nog steeds maar negentien jaar oud. Er zit nog genoeg rek en potentie in en met deze verlenging spreken we ons vertrouwen daarin uit. We kijken er naar uit om Jhondly zich de komende tijd te zien doorontwikkelen."