Ald-Hearrenfeantrainer Jan Everse: "Ik denk dat ze het gaan redden"

Njoggentich minuten ôfsjen wie it ôfrûne sneon foar âld-Hearrenfeantrainer Jan Everse. Dochs seach er de wedstriid tsjin RKC Waalwijk hielendal út. Hy tinkt dat syn eardere wurkjouwer him hanthavenet.
Yn it seizoen 2009/2010 waard Everse oansteld as trainer by sc Hearrenfean. It gie net goed mei de Feansters, want hy wie de tredde trainer dat seizoen. Uteinlik einige Hearrenfean dat seizoen as alfde.
Op fersyk fan de manlju fan de SportCast hat Everse sneon nei it duel tusken RKC Waalwijk en sc Hearrenfean sjoen. "Het was een lange zit", pûst Everse. "Ik heb tussendoor regelmatig wat te drinken ingeschonken. Het werd steeds meer en steeds sterker, want het was heel slecht."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De 68-jierrige Rotterdamske âld-trainer tinkt lykwols net dat Hearrenfean hoecht te degradearjen. "Het wordt niet makkelijk. Ik denk dat ze het gaan redden."

Oratmangoen tsjin âlde klup

SC Cambuur hoecht gjin noed te hawwen oer degradaasje, want de Ljouwerters hawwe al 33 punten. Oankommende sneon spylje se tsjin Go Ahead Eagles. Dêr spilet Ragnar Oratmangoen. Hy waard ôfrûne seizoen kampioen mei Cambuur en stapte dêrnei oer nei Deventer.
"Ik heb nog regelmatig contact met jongens van Cambuur", fertelt de middenfjilder. "Toevallig belde ik gister al even met Issa Kallon om het vuurtje aan te wakkeren. Ik zei dat ze onze tactiek hadden afgepakt tegen Ajax. Daar maakte ik hem een beetje gek mee."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.