Cambuur bûcht pas yn blessueretiid foar lânskampioen Ajax

SC Cambuur is der krekt net yn slagge om in punt te pakken tsjin regearjend lânskampioen Ajax. De winnende 2-3 fan Ryan Gravenberch foel pas yn blessueretiid.
Mitchel Paulissen © Orange Pictures
Cambuur spile mei Pieter Bos yn de goal. Hy ferfong de blessearre Sonny Stevens. Ek Jasper ter Heide, Marco Tol en Mitchel Paulissen hienen in basisplak. Calvin Mac-Intosch wie skorst. Doke Schmidt en Jamie Jacobs sieten op de bank.
Opstelling SC Cambuur: Bos; Ter Heide, Tol, Schouten, Bangura; Paulissen, Hoedemakers, Maulun; Sambissa, Boere en Kallon.
Earder dit seizoen ferlear Cambuur mei 9-0 fan Ajax. Dat woenen de Ljouwerters dizze kear hoe dan ek foarkomme. It begjin wie lykwols net bêst. Nei trije minuten tikke Dusan Tadic in foarset fan Ryan Gravenberch binnen: 0-1.

Better yn de wedstriid

Cambuur stie ûnder grutte druk. Benammen Sébastien Haller hie de skoare fierder útwreidzje kind, mar de 0-2 foel net. Nei in healoere kaam Cambuur stadichoan better yn de wedstriid. Al krige it gjin kânsen op in doelpunt.
Tom Boere yn duel mei Perr Schuurs fan Ajax © Orange Pictures
Krekt foar it skoft waarden de Amsterdammers wer gefaarliker. Sa miste Davy Klaassen in grouwe kâns en hie Haller skoare moatten nei in skerpe foarset fan Steven Berghuis.

Dochs Haller

De Ivoriaanske spits fan Ajax miste dus in protte kânsen, mar nei 40 minuten skoarde hy wol. Haller draaide kreas fuort by syn tsjinstanner en liet doelman Bos kânsleas: 0-2.
Cambuur kaam goed út de klaaikeamers. Nei 48 minuten smiet dat in doelpunt op. In hoekskop fan Robin Maulun bedarre by Issa Kallon. Fia Haller kaam de bal werom by Kallon en sa karambolearre de bal deryn: 1-2.
Kallon op wei nei it doelpunt © Orange Pictures
Mitchel Paulissen wie yn de 73ste minút sels hiel tichteby 2-2. Syn kopbal waard lykwols út de goal holden troch in knappe refleks fan Ajax-doelman André Onana.

Flaters by Ajax

Dy 2-2 kaam der yn de 79ste minút dochs. Nico Tagliafico ferspile de bal oan Paulissen. Dy joech de bal foar op ynfaller Patrick Joosten. Om't Ajax-ferdigener Devyne Rensch ek noch útglied, koe Joosten de bal sa yn de goal tikke.
Yn blessueretiid wûn Ajax dochs noch. Ears koe Bos in kopbal fan tichteby noch geweldich tsjinhâlde, mar op in bikkelhurd skot fan Ryan Gravenberch wie hy wol kânsleas.
Cambuur bliuwt foarearst achtste yn de earedivyzje mei 33 punten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.