NS: Treinen ride snein wer neffens normale tsjinstregeling

De measte treinen ride snein wer neffens de normale tsjinstregeling. Dat meldt de NS. Reizgers moatte sneontejûn noch rekken hâlde mei fertraging.
Treinstasjons bleaunen sneontemoarn leech © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Hast de hiele dei wie it treinferkear op de trajekten fan de NS sneon ûntregele troch de swiere stoarm fan freed. De treinen fan Arriva riden sneon al wol neffens de normale tsjinstregeling.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.