Dit wie de stoarmdei yn Fryslân: koade read, skea op tal fan plakken

De ein fan de liveblog

Dit is foar no it lêste nijs dat wy yn dizze liveblog bringe oer it stoarmwaar. Moarnier binne wy der wer. Op Omrop Fryslân-radio is fan 08.00 oere ôf ek omtinken oan de stoarm, mei ûnder oare de brânwacht. Fansels bringe wy ek op ynternet en op de app wer it wichtichste nijs.

Wetterballet oan de Harnzer kust

Yn Harns binne dúdlik de gefolgen fan de stoarm Eunice en it springtij te sjen. De wetterstân is heech by de kust del. Ferskate wâlskanten binne ûnderstrûpt. De plysje hâldt tafersjocht by de kaai.
© CAMJO media

Bewenners fan ûntromme wenten sliepe jûn op in oar plak

Wetterlieding op It Amelân stikken

Yn de Ljouwerter Prinsetún is in beam yn it wetter bedarre

© Kappers Media

Op De Jouwer moast de Vegelinswei frijmakke wurde

© Noordernieuws

It wetterskip is op 'en paad

Bousteger om yn Akkrum

De Sânharst yn Wâlterswâld is tichtset troch in beam

© Omrop Fryslân (fia: D. Postma)

Yn De Hommerts binne de benzineprizen nei ûnderen gien

© Andries Visser

Dykgraaf: Wetterskip Fryslân dwaande mei dykynspeksje

Oerkaping Harnzer supermerk jout it op

In oerkaping foar winkelweinen by supermerk Aldi oan de Westerseedyk yn Harns hat stoarm Eunice net oerlibbe. De brânwacht hat mei in sirkelseage de metalen dielen nei ûnderen brocht.
© CAMJO Media

De plysje yn Fryslân: 'Van alle markten thuis'

Dakplaat loswaaid fan stâl Haskerhoarne

© Noordernieuws

Sneontemoarn gjin treinen

De stoarm Eunice hat foar grutte skea soarge op it spoar. Op guon plakken lizze omfallen beammen op it spoar of is de boppelieding skansearre. Der ride dêrom ek sneontemoarn gjin treinen. Dat meldt ProRail. Hoe let de treinen sneon wer ride sille, is noch net bekend.

Fytser ferwûne mei de hurde wyn

Oan de Brandemeer yn Ljouwert is freedtejûn in fytser ferwûne rekke yn de stoarm. De persoan is troch de wyn op de dyk telâne kaam. Ambulânsepersoniel hat it slachtoffer nei it sikehûs brocht.
© Kappers Media

Sydkant fan âld fabryk yn Burgum nei ûnderen kaam

De gevelplaten fan it eardere molkfabryk oan de Burgumerdaam yn Burgum binne troch de wyn hast allegearre los kaam. De platen lizze as linten oer de dyk hinne.
© Noordernieuws

Sweins hat te lijen fan in stroomsteuring, dy't noch oant middernacht duorje kin

Drachtster dyk ôfsletten om't in beam him deljout

Oan de súdwestkant fan Drachten is op de krusing fan de Lauwers-Overstesingel in beam foar de helte omwaaid. It giet om gruttere diken troch Drachten hinne, dus brânwacht en plysje hawwe it stik foar de wissichheid ôfsletten.
© ProNews

Oan de Foarstreek yn Ljouwert kaam dakbedekking op strjitte telâne

© CAMJO media

Stoarm en sân: it giet der om wei op Skylge

Gemeente Ljouwert hat previntive maatregels naam

Piet Paulusma syn lêste waarfoarsizzing

Fryslân hat te lijen fan in swiere stoarm, benammen it Waadgebiet en de eilannen krije it flink foar de kiezzen, seit Piet Paulusma. Pas letter yn de jûn bekomt it wat, mar om middernacht hinne kin der yn it Waadgebiet noch wol wynkrêft 10 stean.
Harkje nei waarman Piet Paulusma
© Omrop Fryslân

Oan De Gealanden yn Ljouwert is in grouwe beam omdondere

© AS Media

Tweintich huzen ûntromme yn in Snitser wyk

De Fryske brânwacht hat it yn Snits drok hân. "Wy krigen in melding fan de Hein Doekesstrjitte, dêr soe in part fan in gevel útwaaid wêze. Wy binne derhinne riden en in tal apparteminten binne ûntromme. Tagelyk krigen wy yn deselde wyk in melding dat it daklear fan in tal wenten yn de Pieter Sikkesstrjitte losliet. Ek dêr binne de huzen ûnromme", leit wurdfierder Baukje de Wal út.
"It daklear like de huzen oan de Ljaukemastrjitte te bedriigjen. Om't de stoarm noch oanhellet, hawwe wy dy wenten ek ûntromme", seit De Wal. De dyk is ôfsletten, in heechwurker kin pas oan it wurk as de dyn wat delbêdet.

Yn Spannum behindere in beam it sicht op de tsjerke

© Omrop Fryslân (fia: Annet)

Dakbedekking fan it Feanster gemeentehûs ôf

In part fan de K.R. Poststrjitte op It Hearrenfean is ticht om't der dakbedekking fan it gemeentehûs fan Hearrenfean loslit. De brânwacht is op it plak om it gefaar wei te nimmen.
© ProNews

Yn Snits keazen ferskate boaten fan de Dryltsterkaai it pikelsop

Der wiene ferskate boaten losrekke. De plysje hat mei omstanners ferskate boaten wer fêstlein.
© BTBtotografie

Dykynspekteur fan Rykswettersteat jout alle helpers yn de stoarm in plomke

Ferskate wenningen yn Snits ûntromme

Hokje by Drachten de loft yn

© Noordernieuws

Omwenners helpe mei stoarmskea yn de Le Roy-tún op It Hearrenfean

Plaat fan de Achmeatoer yn Ljouwert waaid

Yn Ljouwert is in gevelplaat fan de Achmeatoer ôfwaaid. De Willemskade njonken it hege flatgebou is ticht fanwege it gefaar op mear loslittende platen. De plysje hat de omjouwing mei linten ôfset.
© CAMJO media

It reint beammen op de dyk

Net fier fan in supermerk oan de Meester Andreaestraat yn Kollum leit in jonge beam oer de dyk. De gemeente sil besykje om it hout fan de dyk te krijen.
© Noordernieuws

Trekwei by Westergeast tydlik ticht

De Trekwei (N910) tusken Westergeast en Driezum is tydlik ticht fanwegen in omwaaide beam op de dyk. In oannimmer is nei it plak kaam om de beam yn stikken te seagjen.
© Noordernieuws

Op 'e nij in update: A6 tusken Bant-De Lemmer wer yn beide rjochtingen ticht

N384 ticht: frachtwein en oanhinger blokkearje dyk

De Froonackerdyk (N384) is ôfsletten troch de plysje. Yn de omkriten fan Winsum is in frachtwein mei oanhinger kantele troch in wynstjit. De frachtwein en oanhinger blokkearje de dyk.
© CAMJO media

Beam sloopt rychje huzen wat earder as pland

Yn Grou is freedtemiddei in beam omfallen tsjin in wenningblok oan de Nijdjipstrjitte. Skea en ferwûnen wiene der net, om't it om in rychje huzen gie dat dochs al sloopt wurde soe.

Update: de A6 is allinne yn 'e rjochting fan De Jouwer noch ticht

Popelieren omwaaid by Sumar

Op it fytspaad Damsingel yn Sumar (yn de rjochting fan de brêge nei Burgum) binne twa popelieren omwaaid. De gemeente is dwaande om it op te romjen, jout in wykagint oan op sosjale media.
© Wijkagent Bert Sietzema

Yn Akkrum krige de brânwacht ek in dakbedekkingsput foar de kiezzen

Dakbedekking om wenten hinne teard yn Snits

Oan de Pieter Sikkestrjitte yn Snits is de dakbedekking fan in rige wenten ôf waaid. De bewenners moasten harren wente ferlitte. De strjitte is ôfset troch de plysje,
© CAMJO media

A6 ôfsletten: frachtwein mei gefaarlike stoffen leit om

De A6 tusken De Lemmer en Bant is ôfsletten. Der is in frachtwein mei gefaarlike stoffen op syn kant telâne kaam. De sneldyk is yn beide rjochtingen ticht, warskôget de ANWB.

By Winsum is in frachtwein yn de berm fan in provinsjale dyk bedarre

© Jorrit Meinsma

Yn Jouswier is in beam neist de tsjerke omfallen, mar bedarre hjir yn it greidlân

© Omrop Fryslân (fia: Klaas)

Glês út ien fan de Sjûkelân-tuorren waaid

By it Sjûkelân yn Frjentsjer is it glês út ien fan de tuorren foar it ferneamde keatsfjild waaid. It glês is foar it grutste part op 'e stoepe bedarre.
© Omrop Fryslân (fia: Richard)

Rykswettersteat hat feardaam Holwert trije oeren earder sletten

Us radio-útstjoering duorret fanwegen de stoarm langer

Yn Jutryp is út foarsoarch in beam omhelle dy't drige om te waaien

© Andries Visser

Stoarmwaar yn Fryslân

Boargemaster Veenstra fan De Fryske Marren seit tank oan alle brânwachtfrijwilligers:

In transportboat op drift by de Makkumernoardwaard:

Beam oer in tsjerkhou yn Tsjalbert fallen

Yn Tsjalbert is in beam oer it tsjerkhou fallen, njonken de Aenjewierder Tsjerke. De brânwacht wie al op it plak en besocht te foarkommen dat de beam falle soe, mar foar't der maatregels naam wurde koene, lei de beam al om. Der binne gjin ferwûnen fallen. Mar der driget noch wol in twadde beam om te fallen.
© ProNews

Slachbomen fan de Ljouwerter Skrâns ôfset

De slachbomen oan de Skrâns yn Ljouwert binne yntusken ôfset mei reade linten. De bomen kamen gefaarlik hurd nei ûnderen troch de hurde wyn, de hanthavening hat fytsers en kuierders in skoft warskôge.
© Omrop Fryslân, Akke Boonstra

Flatgevel yn Snits nei ûnderen kaam

In sydgevel fan in flat oan de Hein Doekesstrjitte hat de stoarm net oerlibbe. Alle stiennen binne sawat nei ûnderen kaam. Foar safier bekend is der net ien ferwûne rekke. De plysje hat it gebiet ôfset.
© BTBfotografie

Beam yn Munnikebuorren mei in spanbân de tún yn lutsen

Yn Munnikebuorren drige in bram op in wenning oan de Grindweg te fallen. De brânwacht fan Skerpenseel kaam rap op it plak en makke de beam mei in spanbân fêst oan ien fan de brânwachtweinen. Dêrnei koe de beam omlutsen wurde. De stam is foarearst yn de tún dellein.
© BTBfotografie

Ek Veiligheidsregio Fryslân seit: bliuw safolle as mooglik binnen

Der is in NL-alert ferstjoerd fanwegen it needwaar

© Omrop Fryslân

Yn Boalsert is in stik dak fan in bedriuw oan de Marne waaid

© CAMJO media

By Terwispel dondere dizze beam om by tankstasjon De Wâlden by de A7

© CAMJO media

De brânwacht bringt nochris yn 't sin wa't je wêrfoar belje kinne

Bongeljende beam boppe hûs yn Aldskoat

Yn Aldskoat is in part fan in beam ôfknapt boppe in hûs oan de Skoatterlânskewei. De stam is dwerstroch knapt. De brânwacht hâldt tafersjoch oant der in heechwurker op it plak is om it bongeljende part fuort te heljen.
© BTBfotografie

Ljouwerter sydgevel nei ûnderen

Oan de Bosboomstraat yn Ljouwert is in sydgevel fan in hûs ôf waaid. Troch de wyn liet de gevel los. De stiennen bedarren yn de steech njonken it hûs. De brânwacht hat de trochgong ôfsletten.
© AS Media

Spoarbomen yn Ljouwert hurd nei ûnderen

Troch de hurde wyn klapt de spoarboom oan de Skrâns yn Ljouwert hurd nei ûnderen. Guon fytsers waarden hast rekke troch de boom en koene it krekt op tiid ûntwike. Hanthaveners hawwe foarbygongers warskôge, letter is ek de plysje kaam.
© Kappers Media

It is drok by de lanlike needline:

De hurde wyn lûkt guon minsken nei de kust

Yn Balk wie de brânwacht drok mei in beam dy't oer de Wikelerdyk hinne foel

Losse dakplaten yn it sintrum op It Hearrenfean

Yn it winkelsintrum fan It Hearrenfean binne ferskate brânwachten te plak kaam om't der dakplaten fan in kleanwinkel oan de Dracht waaiden. Mei in heechwurker besiket de brânwacht it probleem op te lossen.

Dizze livestreamer hat gâns wat te lijen yn Harns:

Beam tsjin Museum Joure fallen

Op De Jouwer is freedtemiddei in grutte beam tsjin ien fan de gebouwen fan Museum Joure fallen. De brânwacht is alarmearre en op it plak kaam. Troch de beam is de Gieljitterstrjitte ôfsletten foar it ferkear. Der is in heechwurker oproppen om te helpen.
© BTBfotografie
© BTBfotografie
© BTBfotografie

Beam op de A7-ôfrit by Aldehaske

Troch de stoarm is der in beam oer de ôfrit fan de A7 nei Aldehaske telâne kaam. De brânwacht fan De Jouwer is oproppen om de beam op te romjen. De takken leine foar it grutste part oer de flechtstripe, dus de ôfrit hoegde net ticht. De brânwacht hat de beam yn stikken seage om de dyk wer frij te meitsjen.
© Noordernieuws

Heech wetterpeil by de Lauwersmar, Grinslanner wetterskip set ek dykwacht yn

It wetterskip Noorderzijlvest, dêr't njonken Grinslân ek noch de omjouwing fan de Lauwersmar ûnder falt, hat de ferwachte wetterstân en de maatregels bysteld. De heechste wetterstân (3.90 boppe NAP) wurdt nachts om 02.10 oere hinne ferwachte. Noorderzijlvest hat in soad wetter nei see ôffierd, mar it wetterpeil yn de Lauwersmar is heger as gewoan.
Argyfbyld fan stoarm by de Lauwersmar © ANP
It betsjut ek dat der folsleine dykwacht ynsteld wurdt. Nei de stoarm sil it wetterksip in dykynspeksje hâlde.

Besikers op de Harnzer seedyk wurde sânstriele

Op de Harnzer seedyk © CAMJO media

Offalferwurker Omrin beslút miljeustrjitten fuortendaalks te sluten

It jildt ek foar de miljeustrjitten yn Frjentsjer en op It Hearrenfean. Omrin advisearret freed net mear by it stoart del te kommen.

By Surch hingje de doarallen yn de wyn op de seedyk

Hurde wyn op de seedyk by Surch © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Rykswettersteat slút de Holwerter feardaam om 20.00 oere

De lêste boat dy't hjoed út Harns wei gong

Koade read fan krêft

Koade read is no fan krêft yn Fryslân. Dat jildt yn prinsipe oant 3.00 oere fannacht.

Op 'e Jouwer koenen de skoalbern hjoed earder nei hûs ta

Harns slút kaden ôf

De gemeente Harns hat in tal kaden ôfsletten. De skippen ha it fersyk krigen om ekstra trossen te setten.
© CAMJO media
© CAMJO media
© CAMJO media
© CAMJO media
© CAMJO media

Hurdste wynstjit ea metten yn Ingelân

Stoarm Eunice hat soarge foar de hurdste wynfleach dy't ea metten is yn Ingelân. It giet neffens de Ingelske waartsjinst Met Office om in fleach fan hast 200 kilometer yn de oere, dy't freedtemoarn metten waard op it Isle of Wight, oan de súdkust fan it Feriene Keninkryk.
It eilân leit yn it part fan Ingelân dêr't koade read ôfkundige is fanwege stoarm Eunice. Yn de rest fan it lân jildt koade oranje of giel. De Met Office warskôget foar libbensgefaarlike situaasjes troch it needwaar.
Yn Ingelân en it suden fan Wales soarget Eunice foar skea en oerlêst. Sa hat de wyn it dak fan de O2 Arena yn Londen diels ferwoaste. Skoallen binne sletten en flechten, treinritten en feartsjinsten binne skrast.
De Teems yn Londen © ANP

Hieltyd mear doarren ticht

Yn de hiele provinsje slute foarsjenningen hjoed earder de doarren. Under oare BV Sport meldt dat alle sporthallen en swimbaden yn de gemeente Ljouwert fan 14.00 oere ôf ticht binne. Itselde jildt foar swimbad De Kûpe yn Bûtenpost.

Gjin Arrivabussen nei 15.00 oere

De bussen fan ferfierder Arriva ride nei 15.00 oere net mear yn Fryslân. Op de Waadeilannen ride de bussen oant en mei de oankomst fan de lêste fearboat.
De bussen fan Qbuzz (tusken Drachten en Grins) ride nei 16.00 oere net.

Ynsammeljen fan ôffal wurdt stillein, kringloopwinkels Omrin om 14.00 oere ticht

Fjoertoerwachter Brandaris: "De toren begint onderhand wel wat te slingeren"

"Je begint wel te merken dat de wind aan het aantrekken is", seit Tom Burrie, fjoertoerwachter fan de Brandaris op Skygle. "Het begon vanochtend met een zuidoostelijke wind, kracht 3 of 4", fertelt er. Yntusken is de wyn al sterker. "Momenteel zitten we op zuidwest 8, met uitschieters naar de 9. De toren begint onderhand wel wat te slingeren."

"Condities die je niet vaak meemaakt"

"In de loop van de middag begint-ie stevig aan te trekken. In de namiddag, avond, dan lijkt het op het hoogtepunt van de storm te zitten. Dat wordt wel even spannend. Dit zijn condities die je niet vaak meemaakt."
Burrie syn funskje is it begelieden fan de skippen dy't yn syn sektor farre. Mar skippen, dy farre der op it stuit hast net, fertelt er. "Iedereen is goed geïnformeerd over wat er komen gaat, dus de meeste schippers en kapiteins laten het wel om momenteel het water op te gaan."
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Fjoertoerwachter Tom Burrie fan de Brandaris op Skylge

Tariedingen Rykswettersteat

919 skeameldingen nei Dudley

It tal skeameldings troch stoarm Dudley, dy't woansdei en tongersdei oer Fryslân luts, is freedtemoarn oprûn oant 919, meldt fersekerder Interpolis. Hast alle meldingen gean skea oan hûzen, lykas skansearre dakken troch fallende tûken of loswaaide dakpannen. Ek ruten en túnguod rekken skansearre troch de wyn.
De measte skeameldings komme út Súd-Hollân, Gelderlân, Noard-Brabân en Oerisel.
Interpolis, ûnderdiel fan Achmea, ropt minsken op om foarsoarchsmaatregels te treffen foar de kommende stoarm Eunice. Dy lûkt freed oer it lân. Ynterpolis ferwachtet wer in soad skea oan dakken, ruten, gevels en auto's.

Thús bliuwe, mar wol nei de hurde wyn sjen?

Webcams:

Jûn dykbewaking

Wetterskip Fryslân stelt jûn fan 21.30 oere ôf dykbewaking yn tusken Surch en Swarte Haan. De wetterstân wurdt nei ferwachting 3,40 meter boppe NAP. "Dijkbewaking houdt in dat onze mensen de dijk ter plekke inspecteren", sei dykgraaf Luzette Kroon earder al. "Ze kijken of er plekken zijn ontstaan die moeten worden gerepareerd."
De kust tusken Koehoal en De Westhoek © Remco de Vries, Omrop Fryslân

"Heerlijk even uitwaaien"

Ferslachjouwer Lennard Geerts hearde op de boat nei Skylge hoe't it dêr giet

Spanning by krisisteam Veiligheidsregio

By de brânwachtkazerne yn Frjentsjer binne de earste brânwachtlju noch mar krekt werom fan de grutte brân yn Tsjummearum, mar no giet de fokus op wat der letter hjoed te gebeuren stiet. "De KNMI heeft code rood afgegeven, dan maken wij ons klaar", seit Henk Middeljans, operasjoneel lieder fan it krisisteam fan de Veiligheidsregio Fryslân.
"We hebben extra mensen op de meldkamer, zodat we alle binnenkomende meldingen snel kunnen verwerken. Het is spannend, want je weet niet wat er gaat gebeuren, maar we zijn wel goed voorbereid en geoefend. We staan klaar."

Noch gjin meldingen fan problemen op de dyk

Rykswettersteat hat noch gjin meldingen fan problemen op de Fryske diken troch de wyn. "Maar we zien wel dat de wind aanwakkert", seit in foarljochter. "Het is nog stilte voor de storm." Minsken dy't fuort wolle mei de maitiidsfakânsje, kinne de reis better in dei útstelle, seit se.

Diken nei feartsjinsten op Waadeilannen strûpe ûnder

Rykswettersteat ferwachtet dat inkelde diken nei feartsjinsten fan de Waadeilannen freed letter op de dei ûnder wetter rinne sille. Ek bûtendykse havengebieten kinne ûnder wetter komme te stean troch de swiere súdwesterstoarm Eunice dy't oer Nederlân raast.
In soad feartsjinsten binne al skrast foar freed oan de ein fan de dei. By de hiele kust del is sprake fan hege wetterstannen tusken freedtejûn en sneontemoarn. It wetter berikt sneon it heechste punt yn it Noarden. Op it Waad sil nei alle gedachten in soad dún ôfslaan, mar dat werstelt himsels wer.
De haven fan Skylge freedtemoarn © Omrop Fryslân, Lennard Geerts

Bussen Arriva op Skylge ride net

Ferfierder Arriva seit dat de bussen yn Fryslân foarearst riden bliuwe, allinnich op Skylge nei 16.00 oere net.

Gjin fuotbaljen

Al it fuotbal fan freed wurdt skrast. Dat betsjut ûnder oare dat de Fryske derby yn de earedivyzje fan it sealfuotbal, Libertas - Drachtster Boys, net trochgiet.

Rykswettersteat: net de dyk op

'Net de bosken yn'

Natuerbehearders warskôgje rekreanten om freedtemiddei net yn de bosken te rinnen of te fytsen. Dat is libbensgefaarlik, omdat swiere loshingjende tûken en beamkruinen ynienen nei ûnderen falle kinne.
Stoarm Corrie en stoarm Dudley hawwe yn de ôfrûne twa wiken al foar in soad ôfbrekkend hout soarge. Troch stoarm Eunice kin dat loslizzende hout samar fuortwaaie. Ek de kommende dagen binne de bosken noch net feilich, warskôget Natuurmonumenten.

Obe bliuwt ticht

Under oare bloedprikke by Certe kin fan 'e middei net

Rêstiger op 'e merk

Op de freedsmerk yn Ljouwert binne folle minder stands as gewoanwei. De kreamkes dy't der wol binne, sizze dat se de boel oan it begjin fan de middei wer ynpakke en fuort geane.
It is in stik rêstiger op de freedsmerk © Omrop Fryslân, René Koster

Koade read

Eunice wurdt neffens waarynstitút KNMI noch steviger as de eardere ferwachting. Fan 15.00 oere ôf jildt dêrom koade read yn Fryslân.

Lokaasjes GGD ticht

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Fanwege de ferwachte stoarm Eunice slút GGD Fryslân freed de doarren fan alle test- en faksinaasjelokaasjes.
Alle testlokaasjes slute 12.30 oere, de faksinaasjelokaasje yn Dokkum om 13.00 oere en de pop-uplokaasje yn Snits (by wykferiening Noorderhoek) giet net iepen hjoed. Alle plande ôfspraken komme te ferfallen.
Wa't foar freedtemiddei in test- of faksinaasjeôfspraak stean hie, wurdt belle en frege om moarns del te kommen. As dat net slagget, dan wurdt der socht nei in oar momint.

Bosk Dekema State ticht

De bosk by Dekema State is ek ticht fanwegen de stoarm. Juster binne al ferskate beammen omfallen, guon mei woartel en al. Der hinget readwyt lint om it gebiet ôf te setten.
De bosk by Dekema State © instagram.com/dekemastate

Rykswettersteat warskôget fakânsjegongers

Yn it Noarden begjin nei hjoed ek de maitiidsfakânsje, Rykswettersteat warskôget fakânsjegongers dêrom ek: "Ook automobilisten die vanwege de voorjaarsvakantie vanuit de noordelijke provincies, in de avond en nacht, richting de wintersportgebieden vertrekken moeten rekening houden met het stormachtige weer, zeker auto's met dakkoffers."
Klear foar de wintersport? © ANP

Koade oranje om 15.00 oere

De stoarm komt dochs wat earder as de eardere ferwachting. Koade giel jildt no yn Fryslân fan 12.00 oere ôf, koade oranje nei 15.00 oere.

Wurk oan Ofslútdyk leit stil

It wurk oan de Ofslútdyk is freed stil lein fanwege de ferwachte stoarm. "We hebben materieel weg moeten halen, schepen terug laten varen naar de havens en spullen vastgezet", seit Erik Bok, koördinator heechwetterfeilichheid fan boubedriuw Levvel tsjin NH Nieuws.

"Als je niet weg hoeft, blijf dan thuis"

Beluister het weerbericht van Piet Paulusma

Net te kaarten jûn

De Tiid skrast aktiviteiten

Stoarm neamd nei Eunice Foote

Stoarmen krije yn Nederlân sûnt it seizoen 2019/2020 in namme. It doel fan de stoarmnammen is om minsken bewuster te meitsjen dat stoarmen gefaarlik wêze kinne. Waarynstitút KNMI stelt de nammelisten op yn gearwurking mei de waartsjinsten fan it Feriene Keninkryk en dy fan Ierlân.
Sa kamen dizze winter al de stoarmen Corrie en Dudley foarby. En no Eunice dus. Dizze stoarm is neamd nei Eunice Foote út Amearika. Sy wurdt sjoen as ien fan de earste klimaatwittenskippers. It KNMI omskriuwt Foote as in pionier yn it ûndersyk nei de opwaarming fan de lucht troch de sinne en hoe't dy opwaarming tanaam troch koalstofdiokside. Dat waard letter it broeikaseffekt neamd.

Maatregels Wetterskip Fryslân

Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Sa't it der no nei útsjocht, komt der dykbewaking yn Harns. Dat seit dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân. Fanwege de hurde wyn en it hege wetter is dat nedich. "Dijkbewaking houdt in dat onze mensen de dijk ter plekke inspecteren. Ze kijken of er plekken zijn ontstaan die moeten worden gerepareerd."
It Wetterskip nimt mear maatregels. De kearmuorre by Harns is sletten, slûzen by Goaiïngaryp en De Broek ek en it gemaal by Starum stiet oan. "Door de harde wind was er gisteren al een scheefhang in ons boezemsysteem, dat houdt in de kanalen, vaarten en meren. Aan de zuidoostkant is het hoog, in het westen laag. Bij Stavoren kan het dan zelf té laag worden om nog uit te malen."

Wetterstân heech freedtejûn

De heechste wetterstân wurdt freedtejûn let ferwachte, tusken 23.00 en 00.00 oere. It Wetterskip ferwachtet dat it by Harns 3,30 meter boppe NAP wurdt, op de eilannen 2,70 meter.
Alle dagen by it Wetterskip binne "leuk", seit Kroon, mar dizze dagen meitsje it wurk echt spesjaal. "Dit zijn dagen waarop we extra alert moeten zijn, omdat we zeker willen weten dat alles in orde is."

Wa bellest by skea of oerlêst?

Wat is in stoarm?

© Omrop Fryslân
Eunice wurdt in stoarm mei 'orkaaneftige wynstjitten', foarseit waarman Piet Paulusma. Dat binne wynstjitten yn krêft 12. Mar wat binne de kenmerken fan sa'n wynkrêft?

Parken yn Snits ticht

Mei stoarm Eunice foar de doar hat de gemeente Súdwest-Fryslân út foarsoarch twa parken yn Snits sletten. It giet om it Swettebosk en it Rasterhoffpark.
It is dêr mei de hurde wyn te gefaarlik, seit Erik Bos fan de gemeente

Koade oranje om 16.00 oere

Waarynstitút KNMI hat de foarsizzing wat oanpast. Koade oranje soe yn Fryslân fan 14.00 oere ôf jilde, mar dat is opskood nei 16.00 oere. Koade giel jildt nei 13.00 oere al.

Heech wetter

Freedtejûn wurde der hege wetterstannen ferwachte troch in kombinaasje fan de stoarm en it tij. Rykswettersteat ferwachtet freedtejûn om 23.00 oere hinne in wetterstân fan 3,30 meter boppe NAP. By Amelân, Skiermûntseach en Lauwerseach giet it om 2,70 meter en by Skylge om 2,35 meter boppe NAP.
As de wetterstân boppen de 3 meter komt, sil Rykswettersteat dykwacht ynstelle. Dêr nimme se freedtemoarn in beslút oer.
Heech wetter yn de Waadsee, lykas hjir by Holwert © Kappers Media

Konteners gau nei binnen helje

Minder boaten nei de eilannen

Rederij Doeksen fart tongersdei en freed mei minder boaten nei Flylân en Skylge. Freed ferfallede de fear- en sneltsjinsten sels nei 16.00 oere. Fan 14.00 ôf sil ek rederij Wagenborg net farre nei It Amelân en Skiermûntseach.

Gjin treinen fan 14.00 oere ôf

De NS lit freedtemoarn minder treinen ride en fan 14.00 oere ôf leit it treinferkear hielendal stil. Ek de treinen fan Arriva ride fan dat momint ôf net. Arriva is noch wol fan doel om de bussen ride te litten.
Reizgersynformaasje op stasjon Camminghabuorren © Kappers Media

Skoallen earder ticht

Ferskate skoallen en skoalkoepels yn de provinsje hawwe oankundige hjoed earder te sluten. Dat yn ferbân mei it stoarmwaar dat benammen fanmiddei ferwachte wurdt. Sa slute skoallen fan CVO Noard-Fryslân de doarren om ien oere. En skoallen fan OSG Piter Jelles geane al om tolve oere ticht. It betsjut yn in soad gefallen ek dat toetsen en herkânsingen ferpleatst wurde.

Wolkom

Wolkom by dit liveblog oer de ûntwikkelingen oangeande stoarm Eunice.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.