HEA! Hûnderten kaartsjes foar Det

Se is der in bytsje ferslave oan: kaartsjes stjoere nei minsken. Foar in berte, in jierdei of ferstjerren. Det Triemstra fan Boerum stjoert der sa'n 500 yn it jier. Op de 80ste jierdei fan Det stjoert it hiele doarp har in kaartsje. De brievebus klepperet de hiele dei troch.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.