HEA! Rixt is super sportyf
Rixt de Vries (9) fan Parregea is in dei by beppe Jetske van Abbema yn Eksmoarre op besite. Skoalle hat in stúdzjedei en dêrom hat Rixt frij. Mei beppe docht se spultsjes, makket se in kuier en tegearre hawwe se sjoen hoe't reedrydster Ireen Wüst in gouden medalje wûn hat op de Olympyske Spelen. Sels is Rixt ek hiel sportyf. Se sit op karate, gymnastyk en fierljeppen. By heit en mem yn de eftertún stiet sels in skâns.