HEA! 20 jier: De Paus fan Ljouwert
It jild is op, mar mei de sûnens giet it goed. Evert Boersma, better bekend as 'de Paus fan Ljouwert' is hast 75 jier. Noch altyd stiet syn hûske yn Ljouwert grôtfol mei hilligebylden.
Boersma neamt syn hûs ek wol it 'klein Vaticaan'. Hy wennet der sels amper, mear is hy by syn goeie freondinne fan 93 jier yn Boalsert. Boersma follet syn dagen mei skriuwen: yn syn deiboek, mar ek brieven oan kardinalen en biskoppen. De Paus stiet noch posityf yn it libben. "Je moatte altyd nei de minderen sjen. En salang't it noch gjin oarloch is, falt it ta."