Rêst werom by Cambuur nei hektyske transferperioade: "Venijn zat in de staart"

It hawwe hektyske dagen west foar technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur. Bûtenlânske klups melden harren op it lêste momint fan de transferperioade noch foar twa spilers fan de Ljouwerters. "Het venijn zat deze window in de staart."
Ien fan harren is middenfjilder Mees Hoedemakers. Hy makket dit seizoen yndruk by SC Cambuur yn de earedivyzje en dat is ek FC Midtjylland opfallen, de koprinner fan Denemarken.
Dochs kaam it net ta in oerstap. Dat hie ek te krijen mei it lette tiidstip, fertelt Foeke Booy. "Het was bijna een overval. Twee dagen voor het einde van de transferperiode bracht Midtjylland twee keer een bod uit. We konden nergens meer op reageren, dus het was niet te doen. En het was ook niet voldoende om te zeggen: die moeten we laten gaan."
Cambuur giet derfan út dat Hoedemakers kommende simmer in oerstap meitsje sil nei in oare klup.
Oft dat dan Midtjylland wurdt, moat besjoen wurde. Neffens Hoedemakers hawwe de Denen in oare spiler helle foar it middenfjild.
Sels hie er wol graach nei de koprinner fan Denemarken ta wollen. "Het is een hartstikke mooie club natuurlijk, ze spelen Europees voetbal. Het was carrièretechnisch een heel mooie stap. Maar als de clubs er niet uitkomen, houdt het op."
Ik ga niet bij de pakken neerzitten.
De transfer fan Mees Hoedemakers giet net troch
Hoedemakers hat lykwols begryp foar de opstelling fan Cambuur, dat him net gean litte woe oan de ein fan de transferperioade. "Ik heb het een paar dagen best wel intens beleefd. Het is jammer dat het niet doorgekomen is, maar ik ben blij dat ik nog lekker hier kan voetballen. Ik ga niet bij de pakken neerzitten."
En dan wie der noch de belangstelling foar Issa Kallon. De oanfaller koe nei de nûmer twa fan Turkije, Konyaspor. Dy woene sa'n trije ton op tafel lizze foar de flugge bûtenspiler, dy't in ôfrinnend kontrakt hat.
Cambuur is dêr lykwols net mei akkoart gien. "Er zaten te veel onzekerheden bij", seit Booy. "Dat varieert van bonussen tot gespreid betalen. Het risico kwam alleen bij ons te liggen en dat kan niet."
Reken maar dat hij honderd procent voor Cambuur gaat geven.
Foeke Booy oer Issa Kallon
Booy is net benaud dat Kallon der no mei de pet nei smite sil, no't syn oerstap nei Konyaspor net troch giet. "Hij vindt het wel jammer, maar dit hoort bij het wereldje. Hij was heel strijdbaar. Reken maar dat hij honderd procent voor Cambuur gaat."
Cambuur en Kallon hawwe ôfpraat dat de spiler sels foar de wedstriid tsjin FC Utrecht net op de transferlûden reagearje sil. Nei it duel fan sneontejûn wol Kallon syn kant fan it ferhaal fertelle.
Foeke Booy © Dijks Fotografie
De ynteresse yn spilers foar Cambuur is net frjemd, om't de klup it mei it achtste plak yn de earedivyzje boppe ferwachting goed docht. Kommende simmer wurdt der in úttocht ferwachte, want spilers as Hoedemakers en Alex Bangura sille nei alle gedachten dan wol fuort gean.
Dêr riedt Booy him ek op ta. "Het zal een warme zomer worden. Warmer dan het nu is", laket de Ljouwerter, wylst er nei de rein sjocht dy't yn it Cambuurstadion falt.
SC Cambuur spilet sneontemiddei de útwedstriid tsjin FC Utrecht. It duel tusken de nûmers sân en acht fan de earedifyzje begjint om 16.30 oere.
Yn De Galgenwaard docht sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar fan it duel, dat live te folgjen is yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.