HEA! Keunstnersferbliuw op tsjillen

Yn Waskemar is Leonie van den Ende yn in loads drok oan it timmerjen. De keunstneresse makket in gasteferbliuw op tsjillen. De wein komt op it terrein by har atelier. Oare keunstners kinne de wein dan brûke om har efkes yn werom te lûken. Mar hy kin ek ferhierd wurde oan toeristen. Sa hopet Leonie har gasten yn kontakt te bringen mei keunst.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.