Wa hat de 'toverformule' foar sc Hearrenfean?

Nei it ûntslach fan Johnny Jansen moat sc Hearrenfean op syk nei in nije trainer. Kandidaten genôch, mar de fraach is wa't it oandoart. Klupwatchers Arjen de Boer en Roelof de Vries jouwe it antwurd.
© Omrop Fryslân
Dat it Abe Lenstra-stadion al lang net mear te boek stiet as in oaze fan rêst mei dúdlik wêze. Sûnt 2008, doe't Gertjan Verbeek nei fjouwer jier as haadtrainer by de klup wei gie, hat Hearrenfean njoggen trainers fersliten, ûnder wa Trond Sollied, Ron Jans, Dwight Lodeweges en Jurgen Streppel.

Swalkjend skip

Wylst direkteuren en kommissarissen rûzje mei-inoar makken, kamen trainers ta de ûntdekking dat de modelklup fan eartiids feroare is yn in swalkjend skip dêr't hast gjin sportive eare oan te beheljen is.
Johnny Jansen, dy't krekt dien krigen hat © Orange Pictures
Op dit stuit stiet Hearrenfean op in kleurleas tsiende plak yn de earedivyzje. Earefoarsitter Riemer van der Velde, ûnder him helle de klup yn 2000 noch de Champions League, sei dat er him soargen makket dat Hearrenfean op koarte termyn yn degradaasjeneed komme sil. De direkteur fan no, Cees Roozemond, ferkundiget op syn beurt dat de klup foar in nije start stiet.
Yn de media sirkulearje yntusken ferskate nammen fan nije trainers, mar de fraach is oft ien fan harren de 'toverformule' yn hannen hat om Hearrenfean wer ta libben te wekken.
Kees van Wonderen © Orange Pictures

Kees van Wonderen

Roelof de Vries: "Ik soe de kar foar Van Wonderen hiel opportunistyk fine. Hy ken de klupkultuer fan Hearrenfean net, is gjin Fries en docht it no oardel jier goed by Go Ahead Eagles. Miskien is hy op lange termyn ek in toptrainer, mar om dat no al te sizzen, fyn ik echt te koart troch de bocht."
Arjen de Boer: "Van Wonderen wurdt sjoen as de nije kroanprins. Hy docht it ek goed by promovendus Go Ahead Eagles. Ik fyn him net de ideale kandidaat foar sc Hearrenfean. Yn it beliedsplan stiet dat Hearrenfean attraktyf fuotbal spylje wol. Dan moatst Van Wonderen net nimme. By him is 'de nul' hillich en stiet amusemint net op it earste plak."
Ole Tobiasen © Orange Pictures

Ole Tobiasen

Arjen de Boer: "Ole Tobiasen en Peter Reekers hawwe beiden de papieren om haadtrainer te wurden, mar allinnich Tobiasen hat de ûnderfining, by Almere City. Mei de oanstelling fan Tobiasen oan it begjin fan dit seizoen hat de kluplieding yn myn eagen al foarsortearre op in eventueel fuortgean fan Johnny Jansen."
"Syn kontrakt rint troch oant de simmer fan 2023, hy is bekend mei de spilers en de spulopfetting. Boppedat hat er yn it ferline spile by sc Hearrenfean. As trainer hat er by ferskate klups yn 'e keuken sjoen en by Almere City hat er it hielendal net sa raar dien. Tobiasen is myn earste kar."
Peter Reekers © Orange Pictures

Peter Reekers

Roelof de Vries: "Ik tink dat Arjen wolris gelyk hawwe kin oer it foarsortearjen. Dochs tink ik net dat Tobiasen it wurdt. Ut de spilersgroep krij ik earder de sinjalen dat sy Peter Reekers just hiel serieus nimme. As hy praat, harkje de spilers. Dat is by Tobiasen oars. As ik de sinjalen út de spilersgroep hear, soe it logysker wêze as Reekers it oernimme soe yn stee fan Tobiasen, mar ik gean derfan út dat sy ien fan bûten helje."
Pieter Huistra © Orange Pictures

Pieter Huistra

Arjen de Boer: "Ik fyn dit in serieuze opsje. Huistra hat oanjûn dat er graach wer wurkje wol yn de earedivyzje. Hy is beskikber. Hy hat as grut foardiel dat er út Fryslân komt en hâldt fan oanfallend fuotbal. Huistra hat it by Pakhtakor Tasjkent geweldich dien. Mei trije lânstitels, twa kear de beker, twa kear de Supercup en de League Cup hat er dêr alles wûn wat der te winnen falt."
Roelof de Vries: "Ik leau net dat Huistra in serieuze opsje is foar Ferry de Haan. Moai dat hy it goed dien hat yn Oezbekistan. Ik tink ek net dat we dat ûnderskatte moatte (ek net oerskatte trouwens), mar dat seit net al tefolle. Boppedat hat hy eins gjin ferline by Hearrenfean. Hy hat as haadtrainer ien (hiel) goed seizoen draaid yn de earedivyzje by FC Groningen. Dat fyn ik te min."
Mitchell van de Gaag © Orange Pictures

Mitchell van der Gaag

Roelof de Vries: "Yn 'het wereldje' hearre je wol goeie ferhalen oer Mitchell van der Gaag. Hy hat it hiel goed dien by ûnder oare FC Eindhoven en Excelsior en opstapt by NAC Breda. Ik tink wol dat it in coach is dy't past by Hearrenfean, mar Ferry de Haan hat al ûntkend dat der kontakt west hat. Gjin opsje dus."
Arjen de Boer: "De rjochterhân fan Erik ten Hag by Ajax hat yn it ferline trainer west by Excelsior, dus der is 'een lijntje' mei Ferry de Haan. Mar Ajax hat dúdlik oanjûn dat sy Van der Gaag net kwyt wolle. Dus neffens my kin der in streek troch de namme fan Van der Gaag."
Jon Dahl Tomasson © Orange Pictures

In oar, mar wa?

Roelof de Vries: "Tomasson is foar my no de meast logyske kar. Hy spile fan 1994 oant 1997 op It Hearrenfean, is noch altyd goed mei assistint Tobiasen én hat noch altyd sa no en dan kontakt mei Foppe en Riemer. Boppedat hat hy syn kontrakt by Malmö FF net ferlinge, dus is hy fuortendaalks besikber."
"Hy waard twa kear kampioen, helle de Champions League en koe langer bliuwe, mar keas derfoar werom te kommen nei Nederlân. Syn húshâlden wennet yn Rotterdam. Hy hat spile by Feyenoord mei Ferry de Haan en letter ek wurke by Excelsior, dus dy konneksje is der ek. De bêste kar soe ik trouwens Tieme Klompe fine. Dy hat neffens alles yn him om in goeie coach te wurden, mar dy hat twa jier lyn sein dat hy net wit oft hy wol wer fuotbaltrainer wurde wol. As hy it sels wol, soe dat myn nûmer ien kar wêze."
Ruud van Nistelrooij © Orange Pictures
Arjen de Boer: "Hearrenfean is noch altyd in ynteressante klup foar jonge spilers en ek foar talintfolle trainers dy't oan it begjin fan harren karriêre stean. Sa soest miskien tinke kinne oan Ruud van Nistelrooij. Hy hat ûnderfining opdien as assistint by Oranje en by de jongerein fan PSV."
"In topklup komt noch te betiid, mar hy soe by Hearrenfean de knepen fan 't fak leare kinne. Dan binne wy wer by it begjin, want as spiler is it foar him ek begûn by sc Hearrenfean. Van Nistelrooij is yn alle gefallen in geweldich úthingboerd foar de klup."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.