sc Hearrenfean-direkteur oer krante-advertinsje: "Ik vind het laf"
sc Hearrenfean-direkteur Cees Roozemond fynt de advertinsje dy't yn de Leeuwarder Courant pleatst is 'laf en kwalijk'. De pleatsers fan de advertinsje hiene krityk op it beslút om Johnny Jansen dien te jaan. "Het is niet onze stijl."
Moandeitejûn kaam it berjocht dat Johnny Jansen dien krige. De folgjende moarn stie der in advertinsje yn de krante fan 'supporters fan de klup, dy't wol in pompeblêdehert ha'.
"Bijzonder"
Roozemond seit oer de advertinsje: "Ik vind het opmerkelijk. Ik vind het bijzonder. Omdat het eigenlijk in combinatie was met een redactioneel stuk. Het leek eraan gekoppeld. Het is niet onze stijl."
Roozemond is ek lilk omdat hy fynt dat de styl fan de advertinsje tinken docht oan in eardere advertinsje yn de saak oer The Voice of Holland, dy't troch froulike meiwurkers oan John de Mol skreaun waard. Dêr stie yn: "Beste John, het ligt niet aan de vrouwen. Groet, de vrouwen uit je bedrijf."
Docht tinken oan The Voice-advertinsje
De Hearrenfean-direkteur: "Ik vind het oprecht kwalijk en schadelijk dat het ontslag van Johnny gekoppeld werd aan iets wat op dit moment speelt in de maatschappij. Wat te maken heeft met machtsmisbruik en seksueel ongepast gedrag. Beneden alle peil. De verantwoordelijkheid ligt bij de Leeuwarder Courant om die beslissing te nemen. Ik vind het laf. Wij hadden zo'n besluit nooit genomen."
Op de nijjiersresepsje fan tiisdeitejûn spruts Roozemond ek oer it dien jaan fan Johnny Jansen. Technysk manager Ferry de Haan is de ferantwurdlik man, mar ek Roozemond spilet in rol yn it beslút.
"Dat besluit kent meerdere redenen", seit Roozemond. "Je merkte toch wel in de umwelt, dat de druk ongelooflijk groot werd. Vanwege de prestaties die tegenvielen. En niet alleen de prestaties op zich, maar ook het spelbeeld. Uiteindelijk is het een ongelooflijk moeilijk besluit. Maar we hebben wel met topsport te maken en dan moet je toch zo'n besluit nemen."
Tiisdeitejûn waard yn de coronaparsekonferinsje ek bekend dat der wer publyk yn de stadions mei. Mar de stadions meie noch net hielendal iepen. Der mei net mear as in tredde fan it maksimum oantal minsken nei it fuotbalstadion en dêr baalt Roozemond dan wer fan.
Hy seit: "Onbegrijpelijk. We vinden dat we recht hebben op meer. Dat hebben we ook bewezen. Dat we dat kunnen met de fieldlabs en de eerdere ervaringen die we hebben. Voor de club is het heel jammer, omdat het financieel een hele slecht oplossing is. Je hebt cru gezegd maar een derde van de opbrengst, maar wel de volledige kosten. Gooi het dan in ieder geval voor twee derde open met een opening voor een vol stadion. We hopen dat het snel beter wordt."