Gouden muntfibula fûn yn Noardeast-Fryslân
Archeolooch Robbert Velt út Ljouwert hat sneon in gouden muntfibula út de lette midsiuwen fûn yn in omploege greide yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
De finer wol it krekte plak net bekend meitsje, seit er tsjin RTV NOF. It giet om in midsiuwske muntfibula of draachynsynje fan in gouden munt: 'Kening Filips lV 1328 -1350 Frankryk'. It is it earste gouden eksimplaar dat oant no ta bekend is, sa fertelt Velt. Op 'e efterkant fan 'e mantelspjelde sit in fersierd ankerkrús yn sulvertried.
Ofwarmiddel tsjin heidenske spreuken
De nullefanger en nullehâlder binne ôfbrutsen. Dat kin de reden west hawwe dat er weitôge is. Nei alle gedachten hat it fersierde krús as ôfwarmiddel tsjinne tsjin de skealike útwurking fan heidenske spreuken. "Hat zal inderdaad geen toeval zijn, dat de kruisen aan de achterkant zijn aangebracht, dus naar de drager gericht."
It fermoeden bestiet dat it wat te krijen hat mei de krústochten. Soksoarte 'filigrain'-krusen binne ek te sjen op de Arabyske munt Hettinga fan in iuw earder. Dat binne ek munten dy't ta mantelspjelde makke binne. Se waarden meinaam op de krústochten.
"Ik ben bang dat dit nu al de mooiste vondst is van 2022", fertelt Velt. Al syn fynsten wurde feilichsteld yn it Noardlik Archeologysk Depot yn Nuis. Sneintemoarn wie er alwer betiid op 'en paad mei syn metaaldetektor, op syk nei de ferburgen skatten yn de boaiem fan Noardeast-Fryslân.