Ljouwerter F-35's nei Bulgarije om loftrom te ferdigenjen

Ynkoarten sille trije F-35's en 90 man personiel fan de fleanbasis yn Ljouwert nei Bulgarije om dêr it loftrom te ferdigenjen. Dit hat alles te krijen mei de hâlding fan Ruslân yn it Easten fan Europa.
© Omrop Fryslân
De fleantugen sille yn Bulgarije yn april en maaie saneamde 'Quick Reaction Alert-taken' útfiere. Dit hâldt yn dat se ynsetber binne om ûnbekende fleantugen boppe it grûngebiet fan de NAVO te ûnderskeppen.
De aksje is dêrnjonken bedoeld as reaksje op de 'zorgwekkende troepenopbouw' oan de grins mei Oekraïne, skriuwt minister Kajsa Ollongren fan Definsje oan de Twadde Keamer.
It is de earste kear dat der F-35's fan de Ljouwerter fleanbasis útstjoerd wurde sille. Sûnt desimber 2021 binne de tastellen operasjoneel. Fan de trije F-35's sille der twa aktyf ynset wurde en is der ien reserve.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.