Ynspiraasjeleas Hearrenfean útskeakele yn beker nei thúsferlies tsjin Go Ahead
Sportklup Hearrenfean leit út de beker. Yn in minne wedstriid wie Go Ahead Eagles tiisdei mei 1-0 te sterk yn it Abe Lenstrastadion.
Johnny Jansen begûn mei Anthony Musaba en Benjamin Nygren as fleugelspilers. Se lieten beiden fan har hearre yn de earste tsien minuten. Nygren skeat op oanjaan fan Musaba, mar it skot fan de Sweed waard fan tichtby blokt. En koart dêrnei foarkaam Andries Noppert, de Jouster keeper fan Go Ahead Eagles, de 1-0 fan Musaba.
Oan de oare kant foel er wol. Luuk Brouwers lei de bal foar en Iñigo Córdoba kopte de bal yn de koarte hoeke. Doelman Xavier Mous, dy't ôfrûne wykein al flatere, seach der opnij net goed út: 0-1.
Rodney Kongolo wie nei goed tweintich minuten ticht by de lykmakker, mar opnij kaam Noppert as winner út de striid.
Yn de twadde helte brocht Jansen Siem de Jong yn it fjild foar Benjamin Nygren. Mar ek de âld-Ajacied koe it ferskil net meitsje foar Hearrenfean.
Go Ahead net yn de problemen
Go Ahead, dat ferline jier yn de earste divyzje leafst 25 kear 'de nul' hold, hie no definsyf ek de saakjes yn oarder. Al moat dêr ek by sein wurde dat Hearrenfean de ploech fan Kees van Wonderen, dy't neamd wurdt as opfolger fan Johnny Jansen, net echt op de proef stelde.
In kopbal fan De Jong gong nei in kertier yn de twadde helte oer it doel fan Noppert, Veerman kopte njonken en ynfaller Stevanovic koe Noppert mei in hurd skot ek net ferrasse.
Rommens op 'e peal
Oan de oare kant wie de grutste kâns sels foar Go Ahead Eagles. De besikers hienen yn in counter in mantsje mear en Philippe Rommens hie de 0-2 op 'e skoech, mar hy skeat de bal hurd op de peal.
Yn de blessueretiid kaam allinnich linksback Rami Kaib noch ta in serieus skot, mar hy seach de bal njonken de goal fan Noppert gean.
Gjin Fryske klups mear yn beker
Sa einiget it bekertoernoai foar Hearrenfean yn de achtste finale en sitte der gjin Fryske klups mear yn de KNVB-beker. Yn desimber waarden Harkemase Boys en SC Cambuur al útskeakele.
sc Hearrenfean - Go Ahead Eagles 0-1 (0-1) 15. Iñigo Córdoba 0-1
Opstelling sc Hearrenfean: Xavier Mous; Milan van Ewijk, Sven van Beek, Ibrahim Dresevic, Rami Kaib; Rodney Kongolo (69/Nick Bakker), Tibor Halilovic, Anas Tahiri (69/Filip Stevanovic); Anthony Musaba, Henk Veerman, Benjamin Nygren (46/Siem de Jong)