Johnny Jansen: "De enorme ketser van Xavier doet je gewoon de das om"

"Een enorme ketser", sa neamt sc Hearrenfean-trainer Johnny Janssen de flater dy't doelman Xavier Mous makke tsjin FC Twente. Mous krige gjin kontrôle oer in weromspylbal, en ynfaller Manfred Ugalde profitearre: 1-0.
© ANP
Trije minuten foar tiid tikte in oare ferdigener fan Hearrenfean, Milan van Ewijk, de bal krekt foar de fuotten fuort fan Jayden Oosterwolde, mar arbiter Pol van Boekel seach dêr in strafskop yn. Ricky van Wolfswinkel faalde net: 2-0.
"De enorme ketser van Xavier (Mous, red.) doet je gewoon de das om. We waren onderweg om 0-0 te spelen", seit Jansen.
Mous wie nei ôfrin skuldbewust. "Ik baal gigantisch van mijn fout. Laat dat duidelijk zijn. Ik pak daar ook mijn verantwoordelijkheid voor. Dat mag niet meer gebeuren en dat gaat niet meer gebeuren", seit de âld-keeper fan Cambuur.
De blunder komt krekt yn de earste wedstriid neidat Mous te hearren krigen hat dat hy foarearst de foarkar krijt boppe kollega-doelman Erwin Mulder. "Ik moet me vasthouden aan wat ik hiervoor heb laten zien", seit Mous.
Hearrenfean moast it sneontejûn foar it earst dwaan sûnder Joey Veerman. De middenfjilder waard ferkocht oan PSV. Ta grutte teloarstelling fan doarpsgenoat Henk Veerman. "Tuurlijk mis ik hem", seit de spits. "Ook in de aanvoer, maar dat is aan het team om daar een oplossing voor te vinden."
Dy is der op it stuit noch net, neffens Veerman. "Anders hadden we dat wel laten zien. Maar er komt altijd een oplossing."
Ek Jansen miste Joey Veerman sneontejûn. "Je ziet als Joey er niet is, en die krijgen we ook niet terug, dat je stootkracht mist voorin. Want je wil tegenstanders ook pijn gaan doen. We hebben voor de winter moeite gehad met scoren en daar moeten we mee aan de bak."
Hat Jansen der noed oer oft dat wol goedkomt? "Het eind van de transferperiode komt steeds dichterbij, dus dat baart me wel zorgen, ja."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.