Definsje hâldt omjouwing Kurasao aanst út Ljouwert wei yn de gaten
It Karibysk gebiet wurdt fan febrewaris ôf yn de gaten holden fan de fleanbasis Ljouwert ôf. Unbemanne fleantugen wurde dan test op Kurasao, mar de bylden wurde hjir analysearre.
Fan takom moanne ôf krijt Nederlân de beskikking oer de ûnbemanne fleantugen, de MQ-9 Reaper. Dy tastellen krije Ljouwert as thúsbasis, mar foar't se hjir aktyf wurde, moatte alle systemen earst goed test wurde.
Smokkelders en flechtlingen
Kurasao is dêr perfekt foar, seit de squadronkommandant Boudewijn Roddenhof: "Het weer is daar perfect, maar er is ook door defensie gevraagd om daar te vliegen." Dat hat te krijen mei de situaasje op en by de eilannen. "Denk dan onder andere aan de inzet tegen drugssmokkelaars en vluchtelingen op zee."
Ik heb hier een groep klaar zitten die snel een situatie kan beoordelen.
De bylden dy't makke wurde, komme streekrjocht nei Ljouwert ta. Dêr sitte ynljochtingeminsken klear om se te bestudearjen. "Ik heb hier een groep klaar zitten die snel een situatie kan beoordelen. Dus stel je kijkt mee met een snelle boot met een drugssmokkelaar, dan kunnen wij de juiste mensen informeren."
Fleantugen bestjoere út Ljouwert wei
De kommende wiken geane de earste minsken fan Ljouwert nei it Karibysk gebiet ta. Dêr begjinne se mei de opbou fan twa grûnstasjons om de tastellen út te bestjoeren.
Letter, yn de simmer, wurde ek op de fleanbasis Ljouwert stasjons pleatst. "Het is de bedoeling dat we dan ook vanuit hier de vliegtuigen besturen", seit Roddenhof.
Unwis oft systeem nei Ljouwert ta komt
De testfaze op Kurasao duorret op syn minst in jier. Alle ferskillende teams krije kâns om dêr te oefenjen. Dan komt it systeem nei Ljouwert ta. "Of de toestellen dan meekomen weten we niet. Dat is afhankelijk van wat de politiek wil. Ze kunnen met de grondstations in Leeuwarden overal ter wereld gevlogen worden."
De winsk dat se gau nei Ljouwert komme is der wol. Dan soenen de tastellen net allinnich ynformaasje útwikselje kinne mei de ynljochtingeminsken, mar ek mei de F-35.