Fleanbasis krijt ûnbemanne tastellen sûnder bewapening
De loftmacht kin fan febrewaris ôf beskikke oer de MQ-9 Reaper. It ûnbemanne tastel, ek wol in drone neamd, wurdt earst test yn it Karibysk gebiet. Letter wurde se stasjonearre op de fleanbasis Ljouwert.
Nederlân keapet fjouwer fan dit soarte tastellen. De testflechten wurde dien op Kurasao. Dat hat te krijen mei it geunstige klimaat dêr. Se kinne dan ek fuort ynset wurde by operaasjes tsjin drugssmokkel. Dêryn wurdt oparbeide mei de Feriene Steaten.
De fleantugen en twa saneamde grûnstasjons wurde pleatst op fleanfjild Hato. De twa oare grûnstasjons stean op de fleanbasis Ljouwert. Dêr wurde ek de bylden analysearre dy't makke wurde mei it tastel.
De Nederlânske MQ-9's krije foarearst gjin bewapening. Se wurde benammen brûkt foar ferkenning en observaasje.