Sosjaal projekt 't Stationnetje makket kâns op Appeltje van Oranje

't Stationnetje fan KEaRN is de iennige Fryske kânshawwer op in Appeltje van Oranje dit jier. Mei elkoar binne 39 sosjale projekten nominearre troch it Oranje Fonds.
't Stationnetje yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Jongeren út Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel dy't oan in doel wurkje wolle, kinne by 't Stationnetje komme. Meiwurkers en saakkundigen stean klear om se te helpen. Dat kin wêze op it mêd fan stúdzje, sûnens, wurk of persoanlike ûntwikkeling.
"Jongeren tussen 16 en 27 jaar ontmoeten andere jongeren, helpen elkaar, leren van elkaar en zo is er een rijke, diverse community ontstaan", sizze de meiwurkers.

Appeltje

De Appeltjes van Oranje gean elk jier nei trije sosjale projekten dy't ferskillende groepen minsken ferbine en soargje dat se (wer) meidogge yn de maatskippij. It tema dit jier is 'Kansengelijkheid voor álle jongeren'.
It Appeltje van Oranje is in priis fan 25.000 euro en in brûnzen byldsje makke troch prinses Beatrix.
Fan 12 jannewaris ôf oant en mei 21 jannewaris kin it publyk stimme op de nominearren.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.