Skoallen op 'e nij yn lockdown: "In twee jaar tijd niets opgeschoten"
It ûnderwiis sit troch de nije coronaregels wer yn lockdown. Yn Snits binne skoallen foar it fuortset ûnderwiis it RSG en Bogerman drok oan de gong om alles klear te setten foar de kommende dagen. De iene docht noch oan online lessen, de oare nimt earder fakânsje.
By RSG Magister Alvinus yn Snits wurdt gjin online les mear jûn. Allinnich de learlingen yn it eksamenjier krije noch les. De kwetsbere jongerein mei ek noch op skoalle komme. Sy ha bygelyks gjin noflike situaasje thús en moatte wol op skoalle wêze, mar it grutste part fan de learlingen krijt fakânsje.
Alfêst sjen nei online lessen
"Wij hebben er uiteraard lang over nagedacht", fertelt rektor Sixtus Haverkamp. "Het is niet zomaar een besluit dat je even neemt, maar wij denken dat het voor de rust beter is om gewoon een paar dagen eerder vrij te nemen. Er wordt dit jaar al zoveel van de docenten, leerlingen en medewerkers gevraagd. Het is ondoenlijk om dan nog voor die drie dagen weer extra werk te moeten verzetten. Ik verwacht dat de lockdown in het nieuwe jaar nog wel even van kracht blijft. Dan kunnen we nu alvast anticiperen op online lessen."
Dy ferwachting wurdt by buorman CSG Bogerman dield, mar dizze skoalle set wol yn op online lessen. "Je wurde wat moedeleas fan dy parsekonferinsje", seit Annemarie Kingma.
"Benammen om't earst sein waard dat de skoallen iepen bliuwe soene. No is dat ynienen net it gefal en moatte wy no alles noch omsmite. Dat freget in soad fan de learkrêften. Online lesjaan is yngewikkeld, mar yntusken ha je der wat ûnderfining yn. Dus wy kinne noch omskeakelje."
Eineksamenlearlingen wol nei skoalle
Allinnich de learlingen fan de eineksamens komme op skoalle. Sy meie fan it regear de toetsen noch meitsje. "Dat online leskrijgen is niets aan", seit 5havo-learling Steyn Feenstra. "Je voelde al aankomen dat de lockdown kwam, maar ik vind het eerlijk gezegd niet heel fijn. We zitten nu al twee jaar in deze situatie en zijn niets opgeschoten. We moeten als leerlingen straks een groot stuk inhalen."
RSG en Bogerman oer de lockdown
Op 3 jannewaris is der in nije parsekonferinsje. Dan wurdt sjoen hoe't it ûnderwiis fierder kin nei 10 jannewaris.