Reade mûtsen yn Ljouwert om winterkleanearmoede oan te pakken
Reade hollen freed yn Ljouwert: yn de binnenstêd waarden mûtsen útdield foar de kampanje 'Geef ze warmte'.
Doel is om bern yn earmoede oan waarme klean te helpen:
Sa'n 7 persint fan de Nederlânske âlden hat gjin jild om goede winterklean foar harren bern te keapjen. Benammen goede winterjassen en skuon binne djoer om oan te skaffen.
Dêrom wol it Nationaal Fonds Kinderhulp jild ophelje om dizze âlden te helpen. "It is eins net te leauwen dat dat yn ús lân noch hieltyd bart", seit Elske DeWall. De sjongeres spilet nije wike by Scrooge Live, dêr't ek folop omtinken is foar berne-earmoede.
"Der binne noch te folle bern dy 't opgroeie yn earmoede. It is wichtich dat we dêrby stilstean en der wat oan dogge", fynt DeWall. Yn in soad winkels yn de stêd stiet kommende tiid in kollektebus, dêr't minsken in donaasje dwaan kinne.
"Ik hoop dat de komende weken iedereen die dat kan deze actie steunt. Immers ieder kind heeft recht op een fijn bed, een goede fiets, een sport om te beoefenen en een warme jas in de winter", seit wethâlder Hein Kuiken.