Henk de Jong bliuwt langer fuort by Cambuur fanwegen kyste
SC Cambuur sil it foarearst sûnder Henk de Jong dwaan moatte. De haadtrainer wie der ôfrûne wykein ek net by mei it duel tsjin Vitesse. De haadtrainer hat in kyste yn 'e holle en moat dêrom behannele wurde yn it sikehûs.
De Jong wurdt op it stuit ûndersocht en giet dêrnei in behanneltrajekt yn. "Het is natuurlijk heel vervelend om niet bij het team en op de club te kunnen zijn, maar gezondheid gaat boven alles", seit De Jong.
'Optimistisch gestemd'
"We zijn optimistisch gestemd en ik voel me voor de rest ook prima. We gaan nu bekijken hoe we de cyste in mijn hoofd het best kunnen behandelen en we gaan er vanuit dat alles goed gaat komen."
De Jong seit dat er oant dy tiid fertrouwen hat yn alle spilers en de technyske stêf "om de ingezette lijn door te trekken."