Soad besmettingen yn basisûnderwiis; dochs leaver wol op skoalle lesjaan

In mearderheid fan basisskoallemeiwurkers is foar in tydlike sluting fan de skoallen om it hege tal coronabesmettingen yn it ûnderwiis tsjin te gean. Dat docht bliken út in peiling fan EenVandaag. Hoe libbet dat by Fryske skoallen?
Learlingen yn de basisskoalleleeftiid foarmje op dit stuit de groep mei de measte positive testen.
"We bliuwe it leafst lesjaan op skoalle, want in skoalle slute is bêst heftich", seit Rika Tulner, bestjoersfoarsitter fan skoalkoepel Nije Gaast, mei tsien skoallen yn it súdwesten fan de provinsje. "Thúsûnderwiis hat lang net itselde nivo as op skoalle mei de belutsenheid fan de learkrêften."

Sinteklaas en krystfiering oanpasse

By de skoallen fan Nije Gaast fernimme se de besmettingen ek. "Fral yn de boppebou. Ferline wike ha we in pear groepen nei hûs stjoerd op advys fan de GGD om't der meardere bern besmet wienen." Fan de PO-Raad ha se nije rjochtlinen krigen. "Dy jouwe oan dat we wer skerper wêze moatte, bygelyks wer online gearkomme, dat âlden net mear yn skoalle komme en dat we de feesten fan Sinteklaas en de krystfiering oanpasse."

Oan basisregels hâlde

Neffens har sit de oplossing benammen yn it hâlden oan de basisregels, wat de saakkundigen ek sizze. "Mar oardel meter ôfstân hâlde mei de bern is net natuerlik. It giet om mear as lesjaan allinne, learkrêften binne ek belutsen en foarmjend dwaande. Se sitte by in bern om te helpen en dat kin net op oardel meter." Guon dosinten jouwe oan dat se it bêst wol spannend fine om foar de klasse te stean. "Guon ha in mûlkapke op. We sille alle muoite dwaan om iepen te bliuwen."
Rika Tulner

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.