Rock-'n-roll yn Fryslân: 42 libbensferhalen fan Fryske rockers

Fryslân hat der in neislachwurk by. Net in stoffige pil, mar ientsje fol mei rock. It boek mei de titel Rock-'n-Roll in Friesland, 1960-1999 is tiisdeitejûn presintearre yn Snits. 42 libbensferhalen fan 42 Fryske rockers wurde dêryn optekene.
Sjouke Nauta fan Friesland Pop nimt it earste eksimplaar yn ûntfangst © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Robert Wielinga is de gearstaller fan it boek. Hy hat bewust keazen foar libbensferhalen. "It is prachtich, dy jierren op it poadium, razende froulju, eltsenien is fleurich. Mar dêrnei en dêrfoar is ek in libben, bist net samar op it poadium kaam."
Ek foar de rockers sels is dat nij: "Je wurde ynterviewd oer je nije single of in tour, mar je wurde nea ynterviewd oer je libben, dêr't muzyk in ûnderdiel fan is, mar net alles fansels", seit Wielinga.

Djipgong

Sjouke Nauta fan Friesland Pop mocht it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme. "Het is een heel mooi boek. Ik kan het iedereen aanraden, er staan mooie verhalen in. Er zijn natuurlijk wel meer boeken uitgebracht over popcultuur in Fryslân, maar dit boek heeft wel een hele mooie opzet. Door die interviews zit er veel diepgang in de verhalen. Eigenlijk kun je het hele leven van die mensen eruit halen en dat is hartstikke mooi."
Ferslachjouwer Willem de Vries wie der by
By it boek heart ek de tentoanstelling, 'Rock-'n-roll in Fryslân 1960-1999', dy is fan tongersdei ôf te sjen yn paviljoen Obe. De eksposysje jout net allinne in bysûnder en ôfwikseljend byld fan it libben fan 42 Fryske rockers, mar ek fan de tiidgeast fan 1960-1999 en lit in tiidsbyld sjen fan in feroarjende muzykkultuer: fan de earste beatbandsjes, progressive rock en metal oant ska, Friese bries en hiphop.
Ek yn Histoarysk Sintrum Ljouwert binne ferskate aktiviteiten, lykas lêzingen en in tentoanstelling mei foto's fan Harrie Muis oer de Ljouwerter muzykscene yn de tachtiger jierren. Dy tentoanstelling is fan freed ôf te besjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.