Pathé yn Ljouwert dochs noch net iepen troch taleveringsproblemen

De iepening fan de Pathébioskoop oan it Ruterskertier yn Ljouwert wurdt útsteld. De nije bioskoop soe op 3 novimber iepene wurde, mar der binne ûnferwachte taleveringsproblemen.
Wat de problemen binne wurdt fierder net neamd. It is noch net dúdlik wannear't de nije bioskoop wol iepen kin.
Bioskoop Tivoli dat snein offisjeel ticht gie, giet no dochs wer iepen foar it filmpublyk.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.