HEA! Karatebern krije les fan Europeesk kampioen

Karateferiening Iryoku yn Stiens hat in bysûndere gast. De Europeeske topfjochter Valeri Dimitrov is op besite om karatebern in workshop te jaan. Superspannend, want der stiet net alle dagen in mearfâldich Europeesk kampioen yn de sporthal. Tijmen en Wout lette ekstra goed op en folgje de ynstruksjes fan Dimitrov sekuer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.