Fryske teäters ferkeapje folle minder kaartsjes as foar de coronapandemy

Mei de rommere coronaregels binne de problemen foar de Fryske skouboargen noch net foarby. De kaartferkeap foar it kommende seizoen is by ferskate teäters tusken de 40 oant 60 persint leger as foar de coronakrisis.
Neffens Titia Huisman fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer sjocht it publyk noch in bytsje de kat út de beam. Leafhawwers dy't earder kaartsjes kochten foar in hiel seizoen, litte it no by kaartsjes foar ien of twa foarstellingen. Dat betsjut dat de skouboargen muoite dwaan moatte om it publyk wer werom te krijen.

Publyk is ôfwachtsjend

"It is ús yndruk dat it publyk wat ôfwachtsjend is en dat fyn ik ek begryplik", seit direkteur Titia Huisman fan it Frjentsjerter teäter. "Se kochten earst kaarten foar tsien foarstellingen tagelyk, no miskien foar ien of twa om te sjen hoe't it giet."
Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
Titia Huisman
It Frjentsjerter teäter ferkeapet no allinnich kaartsjes foar foarstellingen oant jannewaris 2022. De kaartsjes foar takom jier geane pas letter yn de ferkeap.
Yn it gruttere Theater Sneek is dat net oars. "We hebben alle verkoopmomenten gemist", fertelt direkteur Wiebren Buma. "We hebben een heel theaterseizoen verloren zien gaan en ook de presentatie van de brochure voor het nieuwe seizoen was er niet. Dat betekent dat je met een achterstand begint."
Wiebren Buma
2019 wie foar it jonge Theater Sneek it meast suksesfolle seizoen oant no ta. Buma hâldt der rekken mei dat it wol even duorje kin foardat er wer op dat nivo sit, mar is tagelyk ek optimistysk. "Het komt wat later op gang, maar de gang naar het theater is gelukkig wel weer gevonden."

Grutte nammen skoare noch it bêst

In foarstelling dy't it yn beide teäters goed docht is it toanielstik Wat Soesto! fan selskip Pier21 mei Freark Smink en Klaasje Postma. Dit stik belibbe freed yn Snits de útstelde wrâldpremjêre foar in publyk fan 400 man.
Ek yn Frjentsjer rint de kaartferkeap foar dizze foarstelling goed. "De grutte nammen dogge it wer prima. Mar de lytsere, ûnbekendere foarstellingen, dêr moatte we hurder oan lûke."
It dekôr fan de toanielfoarstelling 'Wat Soesto!' © Omrop Fryslân
De grutte skouboargen De Lawei yn Drachten en De Harmonie yn Ljouwert wolle net folle kwyt oer harren ferkeapsifers. "Het is landelijk bekend dat de theaterverkoop op dit moment slecht is", seit Marjolein van der Meer fan De Lawei. "Dat merken wij ook. We voelen geen behoefte dat extra te voeden, maar gaan er alles aan doen om de zalen weer vol te krijgen."
It lêste docht ek bliken, want by De Lawei jildt no by guon foarstellingen de aksje twa kaartsjes foar de priis fan ien.
It folle lytsere Posthuis Theater op It Hearrenfean sjocht dat nei in strieminne start yn juny dit jier, de kaartferkeap no wer oanlûkt nei in yntinsive hûs-oan-hûsaksje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.