Fryske bioskoopfilm Stjer op 6 septimber yn premjêre: "Neat is te gek"

De Fryske aksjekomeedzje Stjer giet op 6 septimber yn premjêre yn de bioskoop. De film fan de band De Hûnekop en regisseur Janko Krist draait om in searjemoardner dy't it foarsjoen hat op Fryske artysten.
Emiel Stoffers spilet de haadrol yn de film © Stjer
Emiel Stoffers, sjonger fan De Hûnekop, moat sjen om de moardner te pakken te krijen en sa Fryske artysten te rêden. Ferskate ferneamde Fryske artysten spylje in rol yn de film.

Lytse Teake

Stoffers fûn it benammen moai dat Lytse Teake foar syn ferstjerren noch mei die. "Ik koe him net persoanlik, mar syn teäterstikken lústere ik al sûnt ik lyts wie. Ik hie him noch noait moete, dus ik ha him opbelle. En dan is it moai hoe't er reagearret, en hiel spesjaal om him yn de film te ha."
Emiel Stoffers en Bertrie Wierenga © Stjer
Oare bekende nammen yn de film binne bygelyks Iris Kroes, Johannes Rypma en Wout Zijlstra. Dreech wie it net om se waarm te meitsjen foar de film. "It wie meastal direkt 'ja'", seit Stoffers. "De measten fûnen it direkt moai."

'Anneke Douma fynt soks altyd moai'

Dêrby holp in teaser dy't Stoffers en Krist al makke hienen mei Anneke Douma en Griet Wiersma. Stoffers: "Anneke ken ik persoanlik wol wat, dy fynt soks altyd moai. En oare artysten sjogge dy trailer dan, dat helpt. Wat mear minsken oft meidogge, wat mear oft oaren ek meidwaan wolle."
De teaser fan Stjer mei Anneke Douma en Griet Wiersma:
Njonken it entûsjasme fan de akteurs fûn Stoffers it benammen moai om it skript te betinken en te skriuwen. "Watfoar flauwekul kinne we der allegear yn kwyt? Dat wie de basis in bytsje."
It idee om in film te meitsjen ûntstie oan it begjin fan de coronakrisis. It wurk dat Stoffers en Krist dienen begûn wat stil te lizzen. Krist: "Fan tefoaren tochten we: we pakke it net hiel grut oan, mei in healjier binne we wol klear mei filmjen." Dat hat úteinlik allegear wat langer duorre.
Doe't foar it earst wat werom seagen, tochten we: dit sjocht der wol goed út, miskien wurdt it wol wat.
Regisseur Janko Krist
Beide manlju hienen noch gjin ûnderfining as filmmakker. Stoffers stiet benammen bekend as frontman fan De Hûnekop, Krist wurket al jierren as telefyzjemakker foar programma's as Hea! en Man Bijt Hond. "We hienen dus gjin idee", seit Krist. "We begûnen sa simpel mooglik. Doe't we foar it earst wat montearre hienen en dat seagen, tochten we: dit sjocht der wol goed út, miskien wurdt it wol wat."
Underfining as filmmakkers hienen se dus net. "Mar we ha wol in hiel soad films sjoen fansels", seit Stoffers. "Dêr learst ek fan. En dan sjochst: guon dingen hoege ek nearne op te slaan. Minsken sjogge mei gefoel."
"Elke minút in grap", seit regisseur Janko Krist:
Foar Krist wie it meitsjen fan in film hiel oar wurk as it wurk by telefyzje. "Ferdjippest dy fan tefoaren wol wat wêr't in ferhaal oan foldwaan moat by films, wêr't in sêne oan foldwaan moat. It leit wol wat yn elkoars ferlingde, mar mei in dokumintêre rinst achter ien oan en hopest dat der wat gebeurt. By in film hast alles yn eigen hannen."

Leslie Nielsen en New Kids

Uteinlik is it in film wurden dy't ynspirearre is op films dy't de manlju sels moai fine. Tink oan films fan Leslie Nielsen of de New Kids-films. "Benammen in hiel soad grappen, alles achter elkoar oan", seit Krist. En "neat is te gek", neffens Stoffers. "Alles wat we betochten, koenen we der direkt yn dwaan."
Bertrie Wierenga spilet ek in grutte rol yn de film © Stjer
It klinkt moai: in eigen film meitsje. Dat wie it ek wol, mar net alles gong maklik. "Guon draaidagen wienen wol hiel lang", seit Stoffers. "Hielendal ast in soad dialooch hast, mei mar ien kamera. Dan moatst alles faker as ien kear opnimme."
As we wat liene moasten, of in lokaasje brûke woenen, dat koe allegear.
Emiel Stoffers oer it entûsjasme fan alle minsken
Ien ding skeelde: "We hoegden gjin sets te bouwen. We filmen yn myn húskeamer, op in skipswerf, de skroat. Dat wie wol hiel moai, it entûsjasme fan elkenien. As we wat liene moasten, of in lokaasje brûke woenen, dat koe allegear. Net te leauwen sa entûsjast de minsken dan binne."

Earste Frysktalige bioskoopfilm sûnt 2015

No wurdt it dus tiid foar de premjêres. Moandei 6 septimber draait de film yn Pathé yn Ljouwert. Dat is foar it earst sûnt maart 2015 dat der in Frysktalige film yn Pathé draait. Doe wie der in Fryske filmwike nei oanlieding fan it ferstjerren fan Rense Westra, mei films lykas De Fûke en De Gouden Swipe.
"Dy earste moandei komme der in hiel protte artysten dy't ek yn de film spile ha", fertelt Krist. "Dat moat in grutte happening wurde. It kulturele evenemint fan it jier, haha. We ha ferskate sealen yn Pathé. En de dagen dêrnei ha we noch premjêres yn Drachten, Snits en It Hearrenfean. It grutte publyk kin der ek gewoan by wêze."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.