Fryske derby op 19 desimber, SC Hearrenfean iepenet earedifyzjeseizoen

It nije earedifyzjeseizoen wurdt op freed 13 augustus iepene troch SC Hearrenfean mei in útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. SC Cambuur makket syn earedifyzje-rentree op snein 15 augustus mei in thúswedstriid tsjin FC Groningen. Dat docht bliken út it konseptprogramma dat de KNVB woansdeitemoarn bekend makke hat.
© ANP Foto
De earste Fryske derby stiet op it programma foar snein 19 desimber. Cambuur en Hearrenfean nimme it dan yn it Cambuur Stadion tsjin inoar op. De twadde wedstriid stiet pland foar de 31e spylronde. Dêr is lykwols noch gjin datum foar pland. Wol is bekend dat it tusken 28 april en 3 maaie wêze sil.
It folsleine konseptprogramma is hjir te finen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.