Skoalkoepel Proloog oer skoalsluting: "Dit is in ferskriklik dilemma"

By in soad basisskoallen bliuwe de stuoltsjes moandei op de tafel stean fanwege de izel. Sa ek by de basisskoallen fan skoalkoepel Proloog. "Dit is in ferskriklik dilemma", seit Albert Helder, direkteur fan Proloog. "Foar ús jildt: koade read is doarren ticht. Mar maklik is sa'n beslút noait."
Lokaal fan De Eestroom yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Neffens de foarsizzings is de situaasje op de dyk moandei te ferlykjen mei de izelwinter fan 2016. "Dan kinne wy net oars as it beslút nimme om de skoaldoarren te sluten", fertelt Helder. "Tusken seis en njoggen oere moarns gean de measte minsken en learlingen op 'en paad. Koade read is foar ús it sinjaal om dit beslút te nimmen om de feiligens fan elkenien te garandearjen."

Thúsûnderwiis of iisfrij?

It momint dat basisskoallen op 'e nij de doarren slute moatte, is hiel ferfelend, fynt ek Helder. Hoe't de skoallen dizze dei ynfolje, doart de direkteur net te sizzen. "Wy hawwe der gjin sicht op oft skoallen hjoed online lesjaan sille of dat se de bern iisfrij jouwe. Dat beslút nimme se yndividueel en kommunisearje se sels mei de heiten en memmen."
Direkteur Albert Helder fan Proloog

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.