Keunst om te ferwurkjen: keunst bringt lucht yn de herten fan minsken

Op in bysûndere wize it missen in plakje jaan: dat docht roukeunstner Sjoukje Maria Kramer fan Brantgum. Mei it ferlies fan meardere poppen socht Kramer stipe yn har kreativiteit. Skilderje, boetsearje, breidzje. Se wurke al in soad mei de hannen, mar neist dy hobby gie se oan de slach as kreatyf routerapeut. No helpt se froulju by it ferlies fan stilberne berntsjes troch har kreative routerapy en keunst yn te setten.
Ien fan de bylden dy't yn it atelier oan de Nijstêd stiet is it byld fan in frou dy't iepen is fan binnen. "Dit is in byld dy't ik foar alle froulju makke ha dy't in berntsje ferlern hawwe yn harren swierwêzen. Sy hat in raffele efterkant, want ik haw it sels ûnderfûn, de frou bliuwt raffele efter."
Sjoukje Maria Kramer is kreatyf routerapeut, keunstner en mem fan fjouwer stilberne berntsjes. "Dat wie foar my in grut fertriet om te ferwurkjen. Doe't ik wol hiel lang yn myn rouproses siet, haw ik in oplieding dien foar kreatyf routerapeut. As ôfstudearopdracht haw ik dizze grutte dikke búk makke. As symboal foar myn swierwêzen."
De opdracht holp har in soad by it ferwurkjen fan it fertriet. "Der kamen in hiel soad triennen los. En ik tocht by mysels, se kinne allegeare wol yn dy búk floeie. Want dy búk is earst hielendal iepen en oan de ein meitsje ik him ticht. Mar sa lang dy búk hiel iepen is, koene al myn triennen der wol yn floeie. Dat holp my echt."
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Rou

No helpt Kramer oare froulju dy't te krijen hawwe mei rou. Faak giet it dêrby om in leechte dy't in frou fielt, mar it kin ek om oare rou gean. "Rou is hiel breed. It kin ek in burn-out wêze. We hawwe yn ús libben net leard hoe't wy rouwe moate. Hoe geane wy om mei ferlies en rou? We leare alles op skoalle, mar dit net."
Wylst it neffens Kramer net maklik is om der mei om te gean. "It is dreech om fertriet en pine echt djip ta te litten. Myn eigen ûnderfining is wol, hoe mear ik it ta lit, hoe mear ik frije romte krij om wer te libjen. Dat gun ik eltsenien."

Mei de hannen dwaande

Foar Kramer helpt it om mei de hannen dwaande te wêzen. It tinken lit sy los en dat wurket goed as sy bylden makket. "It meitsjen fan bylden hat altyd hieljend foar my west. Ik bin gewoan hiel bliid as ik oan in byld wurkje. En dan komme je dochs by tema's dy't je oan it hert geane. Sa woe ik hiel graach in stil byld meitsje omdat ik merk dat meditaasje en stilte wichtich is yn it rouproses. Dat je ek de rêst sels opsykje. Ik makke boppe op de holle fan it byld trije rûntsjes. En by it hert makke ik ek in rûntsje. Doe wie it byld klear en doe tocht ik: ferhip, der sitte gewoan fjouwer op. Dit binne gewoan myn fjouwer berntsjes dy't ik wer ferbylde haw. En dat giet dan sûnder dat ik it troch haw. Mar úteinlik sjoch ik it dan sa yn myn wurk werom dat de tema's dy't my oan it hert geane, dat dy yn myn wurk weromkomme. En dat is ek sa leuk, want dat is myn sieletaal."
De taak fan de keunstner is om lucht te bringen yn de herten fan minsken.
Sjoukje Maria Kramer
"Dat is de taak fan de keunstner. En dat hoop ik mei myn wurk te berikken, dat it je efkes oanrekket." Kramer sjocht dat ek werom by de minsken dy't har atelier besykje. "It rekket eltsenien oan. En as wy dan nei ôfrin kofje drinke, dan komme alle ferhalen los dy't se yn harren eigen libben belibje en fiele. It binne faak ferhalen dy't der noch ûnder sitte. Dy't net sa gau oan it deiljocht komme."
Sjoukje Maria Kramer oer har wurk as keunstner en kreatyf routerapeut
It wurk fan Kramer is ferhûze nei it gebou fan psychologepraktyk GGZ Noord yn Ljouwert. As je it wurk besjen wolle, kinne je in ôfspraak meitsje mei Sjoukje Maria Kramer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.