By it WK keatsen yn Argentinië hat Team NL sulver helle op it ûnderdiel Llargues. Dat is in spul dat spile wurdt tusken ploegen fan trije oant fiif sporters. Sy spylje op in strjitte fan 70 meter lang. Doel is om de bal oer in tinkbyldige line hinne te slaan.
Yn de finale ferlear it Nederlânske team, mei Anna Ennema, Noa Elzinga, Jeska Terpstra, Senne Idsardi en Marrit Zeinstra, fan Baskelân.
Nederlân fiifde by Icespeedway of Nations
It Nederlânske team mei ûnder oaren Sebastian Reitsma fan De Westhoek is sneintemiddei fiifde wurden by de lannewedstriid op it WK iisspeedway yn Thialf op It Hearrenfean.
Frysk sukses yn de hurdfytsklassiker Parys-Roubaix by de junioaren. De 18-jierrige Thijs Wiersma kaam op it Vélodrome as earste oer de streek.
Oan de ein fan de 106 kilometer lange koers wist de Dútser Karl Herzog earst noch oan te sluten by Wiersma, mar yn de sprint wie de Sint Nykster de sterkste.
LWD Basket wint yn eigen hûs fan Kangoeroes Basket Mechelen
LWD Basket hat sneontejûn in oertsjûgjende oerwinning boekt op Kangoeroes Basket Mechelen.
Yn it Kalverdijkje waard it 98-78 foar de ploech fan coach Vincent van Sliedregt.
Shakeal Pryce wie mei 21 punten de grutte man oan de kant fan de Ljouwerters.
Njoggende plak foar Sebastian Reitsma op WK iisspeedway yn Thialf
Sebastian Reitsma fan De Westhoek is der yn Thialf net yn slagge om de finale fan it WK iisspeedway te heljen.
De nûmer tsien fan it kampioenskip en winner fan de Roelof Thijs Bokaal wûn ien heat, waard in kear twadde en twa kear tredde.
Troch in nulskoare yn de lêste heat kaam Reitsma tekoart om him te pleatsen foar de 'last chance heat', wêrtroch't in plak yn de finale ek net mear helber wie.
Jasper Iwema wie de bêste Nederlanner op it sânde plak. Niclas Kallin Svensson pakte de winst yn de grutte finale en is ek wrâldkampioen.
Moarn komt Reitsma noch yn aksje by de lannewedstriid, hy foarmet dan in team mei Iwema en Leon Kramer.
Dream LDODK bliuwt yn libben, Gordyksters winne twadde heale finale yn Bennekom
Kuorbalklup LDODK fan De Gordyk spilet in tredde, allesbeslissende wedstriid yn de heale finale fan de lânstitel. Sneon wûn it yn Bennekom op besite by DVO mei 20-22.
It wie folop sfear yn de útferkochte sporthal fan Bennekom. LDODK moast winne om yn de race te bliuwen foar in plak foar de finale yn Ahoy.
De kuorballers fan De Gordyk ferlearen de earste wedstriid en moasten dat rjochtsette om net útskeakele te wurden.
De earste helte gie it lykop, dêr sil benammen LDODK fan baald ha. De Friezen misten fjouwer strafballen. Dêrmei wie de stân 8-8.
Nei it skoft namen Sabine Verhoef (5 goals), Ran Faber en Julian Frieswijk (4 goals) de klup by de hân en wûn LDODK. Dêrtroch bliuwt de dream fan de lânstitel bestean, LDODK wûn dy noch nea.
Tiisdei is de beslissende tredde wedstriid op De Gordyk. Wa't wint, mei sneon 18 april nei de finale yn Ahoy.
Wichtige punten foar ONS Snits
Yn de striid tsjin degradaasje út de fjirde divyzje hat ONS Snits trije wichtige punten pakt.
De Snitsers wienen yn Tubbergen mei 0-4 te sterk foar TVC'28.
By it skoft wie it al 0-3 troch treffers fan Simon Abrahaley (twa kear) en Maurits Brouwer. Nei de tee bepaalde Abrahaley mei syn tredde doelpunt de einstân op 0-4.
ONS hat no 29 punten út 25 wedstriden. It nimt dêrtroch wat ôfstân fan de streekrjochte degradaasjeplakken en hat wer oansluting fûn mei de plakken dy't hanthavening betsjutte.
Fan file nei ferlies: minne dei foar Harkemase Boys
Foar Harkemase Boys is it in dei om gau te ferjitten. Earst bedarre de spilersbus fan de klup al yn in file, wêrtroch't de ôftraap fan it duel mei ADO'20 útsteld waard.
En dy wedstriid smiet foar de Boys ek nochris net it winske resultaat op. Harkemase Boys ferlear mei 0-2.
Yn de 67e kaam ADO'20 op foarsprong troch in doelpunt fan Wesley Hof. Twa minuten letter ferdûbele Jilani Helder de skoare.
Om de ûngeloksdei kompleet te meitsjen, krige Joris Adams ek noch in reade kaart.
Troch it ferlies hat Harkemase Boys 42 punten út 28 wedstriden.
By it skûtsjesilen op de Langwarder Wielen is in skûtsje omslein. It giet om de Twee Gebroeders, in skûtsje dat foar Top en Twel yn de IFKS útkomt yn de C-klasse.
De brânwacht is oanwêzich om help te ferlienen by it oerein heljen fan it skûtsje. Mooglik is de hurde wyn de oarsaak fan it omslaan.
It skûtsjesilen yn Langwar is de feestlike iepening fan it wettersportseizoen. Der dogge mear as 30 skûtsjes oan mei.
IIsspeedwayer Reitsma pakt foar twadde kear op rige Roelof Thijs Bokaal
Sebastian Reitsma fan De Westhoek hat justerjûn de Roelof Thijs Bokaal wûn by it iisspeedway yn Thialf op It Hearrenfean.
Dat wie foar de twadde kear op rige en dat is bysûnder, want it is mar ien kear earder bard. Tsien jier lyn wûn de Sweed Ledstöm ek twa kear op rige de Roelof Thijs Bokaal.
Reitsma krige de bokaal út hannen fan de nammejouwer: Roelof Thijs.
Leon Kramer út Aldeholtpea wûn de B-finale en einige sa op it fyfde plak yn it klassemint. Syn sus Amber Kramer die it yn earste ynstânsje goed, mar gie yn de herkânsing ûnderút. Se einige yn it klassemint op it 19e plak.
Karim Boezerooy út Wolvegea die net mei oan de wedstriden. Hy gie yn de training ûnderút en mocht fan de dokters net mear ride.
Jûn en moarn wurdt it WK noch ferriden op Thialf.
Zeinstra en Monfils winne WK muorrekeatsen yn Argentinië
Marrit Zeinstra en Anne Monfils hawwe yn Argentinië de wrâldtitel pakt by it muorrekeatsen. Se wûnen de finale yn twa sets mei 2-0 fan Baskenlân.
Foar Zeinstra is it har tredde wrâldtitel. Trije jier lyn wûn se foar Nederlân it WK tegearre mei Harmke Siegersma.
De winst op it WK yn Argentinië is ek in moai resultaat foar bûnscoach Mark Minnesma, dy't sûnt in heal jier dy funksje útfiert.
Seizoen foarby foar Hearrenfeanspiler Amourricho van Axel Dongen
Amourricho van Axel Dongen komt dit seizoen net mear yn aksje foar sc Hearrenfean. De oanfaller, dy't dit seizoen hierd wurdt fan Ajax, hat in blessuere oan syn boppeskonk en dat blykt slimmer as earst tocht.
"Amourricho is bijzonder aangedaan", seit trainer Robin Veldman. "En het doet mij als mens, als trainer en als voetballiefhebber heel veel pijn dat een jonge sporter niet zijn droom kan najagen."
Pikefel
Van Axel Dongen kaam troch blessuereleed yn totaal sân wedstriden yn aksje foar Hearrenfean en skoarde dêryn ien kear, de lykmakker yn de thúswedstriid tsjin Feyenoord.
"Toen had ik kippenvel", fertelt Veldman. "En toen hij mij de uitslag vertelde van de scan van zijn bovenbeen, kreeg ik weer kippenvel."
Yn de lêste fiif kompetysjewedstriden moat Hearrenfean it dus sûnder Van Axel Dongen dwaan. "We spelen nog maar een paar wedstrijden waarin hij moet terugkeren van zijn blessure en dan ook nog eens wedstrijdfit moet worden. Dat is vrij onrealistisch", seit Veldman.
AZ
Hearrenfean nimt it kommende sneintemiddei op tsjin AZ. It is in duel tusken de nûmers seis en sân op de ranglist. AZ hat ien punt mear as de Friezen, mar Hearrenfean is dwaande mei in goeie searje mei seis oerwinningen út de lêste acht wedstriden.
Doelman Andries Noppert reizget net mei nei Alkmaar foar de wedstriid tsjin AZ. Hy hat noch tefolle lêst fan syn rêch en hat ôfrûne wike net traind.
Dêrtsjinoer stiet dat Veldman wer beskikke kin oer oanfaller Dylan Vente. Vente mocht ôfrûne wykein net meidwaan fanwegen 'paspoortgate', mar dat is oplost.
Hessel Steegstra en Jan de Vries nei it WK fuotbal yn Amearika
Assistint-skiedsrjochters Hessel Steegstra út Snits en Jan de Vries fan Gytsjerk gean mei skiedsrjochter Danny Makkelie nei it WK fuotbal yn Amearika. Dat meldt de KNVB.
Rob Dieperink en Dennis Higler binne de fideo-skiedsrjochters yn it team fan Makkelie.
"Het is geweldig dat we zijn geselecteerd voor het WK. Een mondiaal eindtoernooi is het allerhoogste wat je kunt bereiken. Om daar opnieuw te mogen fluiten, is enorm eervol", seit Makkelie yn it berjocht fan de KNVB.
"Hier hebben we met elkaar de afgelopen vier jaren keihard voor gewerkt. Dat moeten we blijven doen. Eerst willen we het seizoen goed afronden, daarna komt pas het WK."
Steegstra en De Vries wienen fjouwer jier lyn ek fan de partij op it WK fan Katar. It trio stie ek al twa kear op it EK.
Trainer Henk de Jong yntrodusearret opfolger Johan Plat by seleksje Cambuur
It seizoen fan Cambuur duorret noch trije wedstriden, mar eins is de blik al hielendal op folgjend seizoen rjochte. De klup is promovearre en kin gjin kampioen mear wurde, de kommende wedstriden geane nearne mear oer.
Sadwaande kaam dizze wike it nijs nei bûten dat Johan Plat oar seizoen de nije trainer fan de klup wurdt. Hy folget sittend trainer Henk de Jong op.
Plat stiet pas yn de tarieding op it nije seizoen foar it earst foar de groep, dochs is hy no al te finen yn it Kooi Stadion. Henk de Jong nimt him mei om de klup kennen te learen.
"Ik ha ek tsjin him sein dat hy gewoan komme moat", seit De Jong. "Hy siet earst boppe op kantoar en doe haw ik him by de seleksje helle."
"Hy hat him foarsteld oan de jonges en kin dan prate mei de supporters en de stêf. Dat is wichtich en ik ha in noflik byld fan him."
De Jong tinkt dat de supporters takom jier oanfallend fuotbal te sjen krije. Der wie fuortendaliks in konneksje mei Plat.
"Hy hat assistint fan Schreuder west en at wy dêr mar in fleuchje fan bringe kinne, gean wy moaie tiden temjitte."
De Jong hâldt net hielendal op, mar bliuwt noch yn de stêf aktyf. Dêr hat hy ek mei Plat oer sprutsen. De Jong wol net te folle mear op de foargrûn.
"Hy wol my der graach by ha en frege ek of ik neist him sitte woe. Mar dêr betankje ik foar, want dan giet it wer om my."
"Ik gean wol in pear plakken fierder of boppe op de tribune sitten. Ik help wêr nedich en ik wol graach dat it goed giet mei de klup, mar sil net mear as earste foaroan stean."
De Jong stiet noch trije wedstriden foar de groep. De earste is freed tsjin FC Den Bosch út.
Ofwêzich is Rik Mulders, dy't in lytse blessuere hat. Foar de Brabanner ekstra skande, want hy spile syn libben lang by Den Bosch en stapte foar dit seizoen oer nei Cambuur.
Dylan Vente mei wer yn aksje komme foar sc Hearrenfean
Dylan Vente mei wer yn aksje komme foar sc Hearrenfean. De spits mocht dat de ôfrûne wike net, omdat er mooglik net in goeie wurkfergunning hie fanwegen syn Surinaamske paspoart.
Vente koe dêrom in wike lang net meitraine en spylje mei sc Hearrenfean en mocht sels net klean fan de klup drage.
De spits hat no syn wurkfergunning krigen en stiet dêrom fan moarn ôf wer op it trainingsfjild. Vente kin dus snein ek wer meispylje as de ploech it yn Alkmaar opnimt tsjin AZ.
Danny Noppert ferliest finale German Darts Grand Prix
Danny Noppert hat moandeitejûn de finale fan de German Darts Grand Prix ferlern fan Nathan Aspinall, de nûmer fjirtjin fan de wrâld.
Yn de finale wie de Ingelskman mei 5-8 te sterk foar de darter fan De Jouwer.
Noppert yn finale German Darts Grand Prix
Darter Danny Noppert hat nei de kwartfinale ek de heale finale wûn op de German Darts Grand Prix.
De Jouster darter fersloech Krzysztof Ratajski mei 7-2.
Noppert ferslacht Clayton yn kwartfinale German Darts Grand Prix
De Jouster darter Danny Noppert hat de kwartfinale wûn op de German Darts Grand Prix. Hy fersloech Jonny Clayton mei 6-1.
Yn de heale finale nimt Noppert it jûn op tsjin Krzysztof Ratajski.
Mark Diemers spilet mooglik net lang mear by SC Cambuur. De 32-jierrige oanfierder fan de Ljouwerters hat in ôfrinnend kontrakt (30 juny 2026) en de fraach is of der in ferlinging komt.
De kontraktûnderhannelingen rinne stroef, seit Diemers. De klup hat neffens him in kontrakt foar in jier oanbean mei in ferlege salaris. Dat is foar de Ljouwerter gjin opsje. Hy wol ek nochris langer bliuwe, mar dat sjocht de klup net sitten.
"Er spreekt niet veel vertrouwen uit dus dat is niet heel fijn," seit hy. "Op 32-jarige leeftijd geeft een contract voor een jaar niet veel zekerheid."
It kin dus goed wêze dat Diemers net mei de Eredivisie yn giet. Hy sil de kommende wiken bepale hoe't syn takomst der út sjocht. "Al hoop ik dat de club en ik nader tot elkaar komen, dat is mijn wens."
Diemers hie dit seizoen in grut oandiel yn de promoasje fan syn klup. Hy skoarde sân kear en joech tsien assists.
It seizoen yn de Keuken Kampioen Divisie duorret noch trije wedstriden, de lêste wedstriid is thús tsjin Vitesse.