Ek de manlju ha harren earste ôfdielingspartij derop sitten. It partoer fan VVV Sjirk de Wal wie topfavoryt en makke dy status wier.
Yn de finale wiene Tjisse Steenstra, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma mei 5-3 en 6-2 te sterk foar KV Berltsum (Corné Tuinenga, Wytze Wassenaar en Thomas Dijkstra)
De basketballers fan LWD Basket ha tsjin Brussels Basket net foar in stunt soarge. Nei fjouwer perioades wie de einstân 93-76 foar de Belgen.
Allinnich yn de tredde perioade skoarde LWD mear punten (21-18, 25-12, 23-29, 24-17) dan de tsjinstanner.
Nyck de Vries hellet de finish net yn Berlyn
Autokoereur Nyck de Vries hat snein de finish net helle yn de Formule E Grand Prix fan Berlyn.
Nei in goede start kaam de Fryske koereur noch wol nei foar, fan plak 9 nei plak 3. Nei in botsing mei twa oare auto's moast er de race ferlitte.
Froulju sc Hearrenfean helje út
De fuotbalfroulju fan sc Hearrenfean ha op besite by AZ flink úthelle. It waard úteinlik 1-5.
Dêr like it by it skoft noch net op. Doe wie it 1-1 nei doelpunten fan Aymee Altena (0-1) en Desiree van Lunteren.
Yn de twadde helte gie it gas derop. Troch goals fan Roos de Haas, Freya de Groot (twa kear) en nochris Aymee Altena kaam de einstân op it boerd.
Earste winners fan it keatsseizoen
It keatsseizoen is los. De dames giene hjoed de striid oan yn Reduzum by de ôfdielingspartij. De winst wie foar it partoer fan VVV Sjirk de Wal.
Yn de finale wiene Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi mei 5-2 en 6-4 te sterk foar it duo Annet de Haan en Iris Oosterbaan.
Njoggende plak foar De Vries
Autokoereur Nyck de Vries is by de earste Formule E Grand Prix fan dit wykein yn Berlyn 9e wurden. Hy hie him as 17e kwalifisearre.
De oerwinning wie yn Dútslân foar Nico Müller.
Moarn stiet de twadde race fan dit wykein yn Berlyn op it programma.
PC rap útferkocht
Alle kaarten for de 173e PC yn Frjentsjer, de grutste keatspartij fan it jier, binne ferkocht. De ferkeap begûn om 10 oere en in goed oere letter wiene alle kaarten fuort.
Op de dei sels, 29 july, binne der noch wol lânkaarten beskikber.
Kaarten koene besteld wurde fia de webside fan de PC en by it Keatsmuseum yn Frjentsjer.
Robin Veldman fynt dat syn team wol wat mear wurdearring krije mei. Hearrenfean stiet mominteel sânde mei sa no en dan aardich fuotbal. En de trainer fan sportklup Hearrenfean tinkt dat dat wol wat mear positive oandacht krije mei.
"Ik vind wel dat we onderbelicht worden. Op zich ook wel lekker, want we gaan lekker van wedstrijd naar wedstrijd. Maar er wordt bijvoorbeeld ook veel over Telstar gesproken, maar die staan in de onderste regionen hè. Ik vind dat de spelers wel wat meer aandacht mogen krijgen."
Rivera en Hopland blessearre
Maxence Rivera is der snein net by. De linksbûten foel yn de wedstriid tsjin Fortuna Sittard blessearre út. Hy hat wol minder pine oan syn hamstring, mar in scan moat útwize oft hy dit seizoen noch spylje kin.
Nikolai Hopland hat lêst fan syn ankel. Miskien kin er nije wike wer oanslute, mar dat is noch net wis. Andries Noppert is noch altyd blessearre, wêrtroch Jan Bekkema as tredde keeper meigiet.
Kim Talsma stapt oer nei de ploech fan Jillert Anema
Wiebe van der Heide fan De Harkema hat syn hantekening set ûnder syn earste profkontrakt by SC Cambuur. It kontrakt dat de 19-jierrige middenfjilder tekenet rint oant de simmer fan 2028, mei de opsje foar in ekstra jier.
Van der Heide kaam yn 2018 oer fan Harkemase Boys en trochrûn de jeugdoplieding fan Cambuur. Op 19 desimber makke hy yn de wedstriid tsjin MVV Maastricht syn debút yn it earste alvetal.
De 19-jierrige keeper Matthijs Kalisvaart hat in kontrakt oant 2028 tekene by Cambuur. De jonge keeper waard twa jier lyn opnaam yn de jeugdoplieding fan SC Cambuur en sûnt dit seizoen makket hy diel út fan de earste seleksje.
"Met zijn enorme drive om beter te worden heeft Matthijs zich de afgelopen twee jaar sterk ontwikkeld. Dat hij nu zijn eerste professionele contract tekent, is dan ook een beloning voor zijn voortgang en harde werken", seit technysk manager Lars Lambooij.
Yn de nije oerienkomst is in opsje foar in ekstra jier opnaam.