Aksjes

De grutte bjusterbaarlike it is hast krystshow

Hâld ek de Facebookside fan Omrop Fryslân yn de gaten want op snein 17 desimber om 16.00 oere is it tiid foar 'De grutte bjutsterbaarlike it is hast krystshow' op Facebook.com/OmropFryslan. Yn de show wurdt weromsjoen op it ôfrûne jier én do makkest kâns op in echt Omrop Fryslân foute krysttrui/ Hy is breide troch ús eigen waarman Piet Paulusma en lekker waarm.

Dêrnjonken kinst ek noch op in oare manier winne. Skriuw dyn krystwinsk en gegevens yn it formulier op Omropfryslan.nl/trui en miskien rinsto dizze kryst wol yn sa'n te gekke trui rûn.

(advertinsje)

Omrop Fryslân live by it Dickens Festijn

Op sneon 16 en snein 17 desimber is Omrop Fryslân live by it Dickens Festijn op De Lemmer. Untdek it uterste krystgefoel by it Dickens Festijn; twa dagen lang is it âlde sintrum fan De Lemmer omtsjoene oant in âld Ingelsk fiskersdoarp út de 19e iuw. Hûnderten personaazjes en figuranten bringe de strjitten ta libjen en soargje derfoar dat de besikers harren yn it Victoriaanse tiidrek wane.

Diana de Groot presintearret it radioprogramma Sneon In Fryslân, dat ek op TV te sjen is, live fan it festijn ôf. Dêrneist komme ek Weima & van der Werf en Wiebe Kaspers del yn it programma foar in optreden. De folgjende dei yn Snein In Fryslân mei Johan Terpstra komme de optredens fan Joop Obama en Adri de Boer. By de útstjoeringen is Omrop Fryslân's Fryske top 100-stimbus ek oanwêzich! Yn de bus kinst dyn persoanlike top 5 foar de Fryske top 100 trochjaan.

Omrop Fryslân siket help by radio- en telefyzjeargyf

Tûzenen oeren oan âlde radio- en telefyzjeopnamen fan Omrop Fryslân binne digitalisearre. Om dat online argyf goed trochsykber te meitsjen siket Omrop Fryslân helpende hannen. Fia it platfoarm FryskeHannen.frl (projekt Omroplûden) fan Tresoar kin it publyk helpe by it ynfieren fan ynformaasje oer de opnamen. Elkenien kin efter de eigen kompjûter in bydrage leverje oan it ynfieren fan de ynformaasje. Oan de ynfier en kontrôle fan de gegevens wurde punten takend. Dêrmei kin bygelyks in aardige Omrop-attinsje fertsjinne wurde. Oanmelde en meihelpe kin fia Fryskehannen.frl of klik hjir foar mear ynformaasje.

(advertinsje)