75+1 jier Frijheid

Dit jier is it 76 jier lyn dat Fryslân befrijd waard. Ferline jier soe Omrop Fryslân grut útpakke yn it ramt fan 75 jier frijheid, mar we witte allegear hoe't dat ferrûn is. Dit jier wurdt de frijheid grut betocht en fierd yn ús provinsje, ûnder de neamer 75+1. Omrop Fryslân hat yn it ramt fan 75+1 jier Frijheid ferskate programma's, aktiviteiten en projekten yn petto. Lês alles dêroer hjirûnder.

Befrijingskonsert

Troch corona dit jier gjin fysyke fiering, mar Omrop Fryslân stjoerde it Befrijingskonsert op 16 april live út. Ljouwerter stêdsoargelist Theo Jellema bespile it oargel en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hold in taspraak.
 

Smokkelbern

Yn de lêste jierren fan de Twadde Wrâldoarloch binne hûnderten Joadske bern yn it geheim nei Fryslân smokkele. By Fryske gesinnen fûnen se in feilich ûnderkommen en oerlibben se de oarloch. It ferhaal fan dizze 'smokkelbern' fertelt Omrop Fryslân mei in fiiftal Fryslân DOKs, in live-útstjoering én in tsiendielige podcastrige.

Deadebetinking

Omrop Fryslân stjoert de Deadebetinking dit jier live fanút de Prinsentún yn Ljouwert út. Foarsitter fan de provinsjale betinking, Sybrand Buma, sprekt hjir de betinkingsrede út. De Fryske Ambassadeur fan de Frijheid, De Kast, soarget foar de muzikale begelieding en in learling fan OSG Piter Jelles sil in selsskreaun gedicht foardrage.

Wannear: tiisdei 4 maaie om 20.00 oere op TV

Bevrijdingsfestival Fryslân

Wa't it festivalgefoel ûnderfine wol dit jier, moat by Omrop Fryslân wêze. Op 5 maaie stjoert Omrop Fryslân in live-útstjoering fol bysûndere ynterviews en reportaazjes út. It programma is folle mei muzikale bydragen fan Tino Martin, Davina Michelle, De Kast, Wulf, Boaz, Electric Hollers en Wiebe Kaspers.

Wannear: woansdei 5 maaie om 17.15 oere op TV
 

In ferline mei takomst Stichting Friesland 1940-1945

Dit jier bestiet 'Stichting Friesland 1940-1945' 75 jier. Yn it liveprogramma, presintearre troch Afke Boven, wurdt mei Arno Brok en Sybrand Buma weromsjoen op de ôfrûne 75 besteansjierren fan de stifting. Ek sille sy it tinkteken dat spesjaal foar de stifting makke is, ûntbleatsje yn de Blokhúspoarte.

Wannear: tongersdei 6 maaie om 16.15 oere op TV, fan 21.00 ôf elts healoere in werhelling

(Advertinsje)

Mear nijs oer 75+1 jier Frijheid

Pagina's