Winterwiken

    Sneon 22 desimber oant en mei snein 6 jannewaris

    Omrop Fryslân is hielendal klear foar de feestdagen! Fan sneon 22 desimber oant en mei snein 6 jannewaris kinst wer genietsje fan in ôfwikseljende programmearring. Mei de programma’s yn ‘e Winterwiken sjochst werom op it ôfrûne jier, belibbest wille en krijst in waarm gefoel fan binnen.

    Weromsjen op it nijs fan it ôfrûne jier dogge wy bygelyks yn Omrop Fryslân Aktueel en Hjoed, mei omtinken foar de wichtichste nijsmominten fan it jier. Wille is ûnder oaren te belibjen mei Rients Gratama. Mar ek belibbest wille mei de bern yn it programma Fertel Mar. Waarmte wol de Omrop oerbringe mei ûnder oaren moaie muzyk, lykas it Krystkonsert, Liet Ynternasjonaal en fansels de Fryske Top 100!

    Dizze wike:

    Weromsjen yn Hjoed

    De lêste wike fan it jier is ien fan weromsjen op it ôfrûne jier. Hjoed bringt dy wike alle dagen in reportaazje dêr’t yn weromsjoen wurdt op 2012. Wy prate mei minsken dy’t yn it nijs wienen en hearre hoe’t it harren dêrnei fergien is.

    2012 wie in jier mei in grut tal fallisseminten, ien dêrfan wie Bouman Reklame út Ljouwert, it âldste reklameburo fan Noard Nederlân. Ek sjogge wy werom mei Iris Kroes út Drachten, de winner fan ‘The Voice of Holland’.
    In altyd belangryk ûnderwerp yn Fryslân is it waar. Earst wie der wetteroerlêst yn jannewaris, wêrtroch’t in part fan de provinsje blank kaam te stean. Nei it wetter kaam de kjeld en like der sels kâns op in Alvestêdetocht. De rayonhaden kamen byelkoar, mar de tocht koe net trochgean, nettsjinsteande de help fan it leger om ûnder lieding fan assistint-rayonhaad Auke Hylkema de snie fan it iis te feien. Mei him sjogge wy werom op dy spannende dagen.

    Alle dagen fan 18:00 oere ôf, alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

    Frysk Sjongersgala, diel 1

    Radio Froskepôle, moandei 31 desimber

    It earste Frysk Sjongersgala wie op freed 16 novimber yn Drachten. It gala wie organisearre troch de fjouwer miskien wol meast ferneamde Fryske artysten: Anneke Douma, Griet Wiersma, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. Mei begelieding fan in kombo en sjongeressen spilen sy op it gala, lykas de gastsolisten Gerbrich van Dekken en Marcel Smit. Omrop Fryslân hat fan it Sjongersgala opnamen makke dy’t yn Radio Froskepôle útstjoerd wurde. It earste diel is te hearren op moandei 31 desimber. Diel 2 en 3 binne te hearren op tiisdei 1 en woansdei 2 jannewaris.

    Radio Froskepôle, moandei 31 desimber tusken 18:00 en 19:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM.

    Geraniums of gladioalen

    29, 30 en 31 desimber

    Rients Gratama is yn jannewaris 2012 80 jier wurden en hy stiet no 55 jier op it toaniel. Hy spilet dit jier it programma ‘Geraniums of Gladioalen’. In programma mei nije en âlde ferhalen en ferskes, mar de âlde hichtepunten krije wer in nije glâns troch de gearwurking mei Clara Rullmann en Peter van der Zwaag. De premjêre fan de sjo wie op de jierdei fan Gratama yn De Lawei yn Drachten, om’t er dêr mei syn earste eigen programma eartiids begûn is. De sjo wurdt yn trije dielen útstjoerd by de Omrop op 29, 30 en 31 desimber.

    Geraniums of gladioalen, 29, 30 en 31 desimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:20 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

    De Grutte Datwiedoe Happy New Year Show

    Tiisdei 1 jannewaris

    Sneintemiddei is nostalgymiddei by Omrop Fryslân Radio. Harm Weistra en syn fêste ferfanger Arjen Overmaat litte de moaiste muzyk hearre út de jierren ‘60, ‘70 en ‘80.

    Op nijjiersdei kinne jo de hiele dei harkje nei ‘De Grutte Datwiedoe Happy New Year Show'. Fan 14:00 oant 18:00 oere komme alle oeren âlde hits út de jierren '60, '70, '80 en '90 foarby. Jo kinne ek meidwaan oan dizze sjo troch in fersykplaatsje oan te freegjen! Al jo favorite platen út ferskillende desennia binne te belústerjen yn dizze nijjierssjo.

    Fan 14:00 oant 15:00 oere is der muzyk út de jierren '60, fan 15:00 oant 16:00 oere út de jierren '70, fan 16:00 oant 17:00 oere út de jierren '80 en fan 17:00 oant 18:00 oere út de jierren '90. Doch ek mei oan dizze ynteraktive sjo en jou tagelyk de bêste winsken troch oan dyn freonen, famylje of kollega's. Dat kin troch op nijjiersdei fan 14:00 oant 18:00 oere te beljen nei: 058 2123618.

    De Grutte Datwiedoe Happy New Year Show, tiisdei 1 jannewaris fan 14:00 oant 18:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM.

    Noordpoolorkest mei Iris Kroes

    Tiisdei 1 jannewaris

    Op 20 desimber stie Iris Kroes mei it Noordpool Orkest yn De Lawei yn Drachten. Omrop Fryslân makke dêr opnamen fan, dy’t op 1 jannewaris útstjoerd wurde.

    De jonge sjongeres Iris Kroes fan Drachten wûn it twadde seizoen fan ‘The Voice of Holland’. Tegearre mei it Noordpool Orkest bringt sy in fantastysk swingend muzikaal programma hielendal yn krystsfear. Op it programma steane ferskes fan har eigen earste cd, mar ek bysûndere bewurkings fan oare ferskes en krystferskes mei in oantal ûnferwachte gasten.

    Noordpoolorkest mei Iris Kroes, tiisdei 1 jannewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:20 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

    Omnium yn de krystfakânsje

    It radioprogramma Omnium komt yn de krystfakânsje alle wurkdagen mei ien-op-ien petearen. De rige set út ein op moandei 24 desimber mei John Jorritsma, kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Tiisdei en woansdei is der in spesjale programmearring fanwege de kryst. Op de oare dagen folgje ûnder oaren noch petearen mei berneboekeskriuwster Janny van der Molen, de direkteur fan Arriva Anne Hettinga, Dennis Wiersma fan FNV Jong en sjongeres Elske DeWall. Oant en mei 4 jannewaris binne dizze petearen te hearren yn Omnium.

    Omnium, alle wurkdagen (útsein de feestdagen) om 11:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM.

    Weromsjen, wille en waarmte op Omrop Fryslân Televyzje.

    Dizze krystfakânsje is der folop amusemint op Omrop Fryslân Televyzje!

    Tiisdei 25 desimber fiert de Omrop kryst mei it programma Kryst yn Fryslân. In krystkonsert fan De Kast en Friends, dêr’t muzikaal yn weromsjoen wurdt op it ôfrûne jier, mei Syb van der Ploeg en topturner Epke Zonderland. Fan 17:00 oere ôf.
    Ek belibbest de Kryst mei de Klipkar Krystspesjal, wêryn’t tolve krystnûmers fan ferskate bands en artysten te sjen binne, en in bysûnder Krystkonsert út 2006 mei Maeike Sijtsma, de sjongeres dy’t op 5 oktober 2012 ferstoarn is. Tusken 12:00 en 17:00 oere.

    Twadde krystdei wurdt it earste diel fan it jubileumkonsert fan Friesland Pop útstjoerd. De gearwurkingen tusken bekende nammen út it heden en it ferline fan de Fryske pop binne te sjen op it Friesland Pop Jubileum. Sa docht bygelyks Piter Wilkens in duet mei Blue June en De Hûnekop sjongt in liet mei de leden fan Strawelte. It twadde diel fan Friesland Pop is op tongersdei 27 desimber te sjen. Fan 17:00 oere ôf.

    Reade Tried

    Ek de Reade Tried stiet yn it teken fan de Winterwiken. It is fansels tradysje by de Omrop dat der yn de temawiken ek wat te winnen falt! Alle wurkdagen kinst reagearje op in stelling dy’t past by de Winterwiken. Dêrmei makkest kâns op in waarme wintersjaal en mear moaie prizen!
    Harkje foar de stelling fan de dei nei de radio of sjoch op ús website!

    Wyn op Woansdei: Hynders Noarderleech

    Freed 28 desimber

    Yn Wyn op Woansdei, in dokumintêreprogramma út desimber 2006, it ferhaal fan de hynders fan it Noarderleech. Wat yn 2006 as in gewoane hjerststoarm begûn, waard in drama dat minsken oer de hiele wrâld trije dagen yn ‘e besnijing hold.

    Sa’n 20 hynders ferdronken, 150 oaren waarden rêden. De haadrolspilers, lykas boer Lootsma, de amazônes en Nico Minnema fan it Fryske Gea, sjogge werom op de dagen dat de hynders yn it wetter stiene. Neffens Nico Minnema wie it in drama mei in sprookjeseftich ein. De dokumintêre wurdt freed werhelle.

    Wyn op Woansdei, freed 28 desimber tusken 12:00 en 17:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje.

    Ien-op-ien petearen yn Omnium

    It radioprogramma Omnium hat yn de krystfakânsje spesjale útstjoerings wêryn’t der alle wurkdagen ien-op-ien petearen binne. Freed 28 desimber giet presintator René Koster yn petear mei Anne Hettinga, de direkteur fan Arriva.

    Mei âld en nij is der in spesjale programmearring op ‘e radio, wêrtroch’t der gjin Omnium en dus gjin ien-op-ien petearen plakfine. Yn it nije jier sille der oant en mei freed 4 jannewaris noch nijsgjirrige petearen plakfine mei ûnder oaren Dennis Wiersma, de foarsitter fan FNV Jong, en sjongeres Elske DeWall. Mis dizze bysûndere útstjoerings net en harkje yn de krystfakânsje nei Omnium!

    Omnium, alle wurkdagen (útsein de feestdagen) om 11:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM.

    Weromsjen mei de Hea!-kompilaasje

    Freed 28 desimber

    Op 28 desimber is der in prachtige kompilaasje te sjen fan de moaiste reportaazjes út Hea! út de twadde helte fan 2012. Opmerklike minsken komme foarby, lykas toiletfrou Corry en boskwachter Jan Willems mei syn rôffûgel Kate. Mar ek de kleanskuorre fan Anna Kamstra yn Bitgum en Reinder Kuiken mei syn bisten komme foarby.

    Witte jo it noch? Sjoukje en Pieter mei harren swan Ducky en de jeiende skûtsjefarders út Earnewâld. En hoe siet dat ek alwer mei de leafdesbrêge en sjonger Bram Mozes?

    Wy hawwe dit jier ek wer alle wiken ‘Goeie!’ sein tsjin gewoane en bysûndere minsken, samar op it hiem, of ûnderweis mei de fyts of de hûn.

    Fansels litte wy ek de meast opmerklike reportaazje fan Hea! fan it ôfrûne jier nochris sjen. Dat is fansels de reis fan fytser Wiebe Idsinga dy't op Pinkstermoandei by de fytsalvestêdetocht as lêste oankaam yn Boalsert. Genietsje fan dit alles nochris, sa oan ‘e ein fan it jier. De Hea!-kompilaasje is te sjen yn twa dielen op freed 28 desimber, nei Hjoed en it waar fan Piet Paulusma.

    Hea!-kompilaasje, freed 28 desimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:20 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

    Piter Wilkens – De Fleanende Hollanner

    Snein 30 desimber

    Nei it sukses fan de teatertoernee ‘It fûgeltsje yn myn gitaar’, presintearre Fryslâns bekendste trûbadoer Piter Wilkens in twadde oade oan Cornelis Vreeswijk. It twadde programma, mei yn it Frysk oersetten ferskes fan Vreeswijk, hjit: ‘De fleanende Hollanner’. Dat is de bynamme fan Cornelis Vreeswijk (1937 – 1987) dy’t as trûbadoer bekend wie yn Nederlân en Sweden. Yn it Frysk klinke syn nûmers allegear ferrassend fris en aktueel.

    Op 30 july 2011 hat Piter Wilkens mei syn band de Freex ‘De Fleanende Hollanner’ brocht yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Omrop Fryslân hat bylden makke fan it konsert en dy wurde snein nochris útstjoerd op televyzje.

    De Fleanende Hollanner, snein 30 desimber tusken 12:00 en 17:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje.

    De Fryske Top 100 fan 2012!

    Moandei 31 desimber

    Aldjiersdei stiet by de Omrop alle jierren yn it teken fan de Fryske Top 100. Dé list mei de muzikale foarkar fan de Friezen. Ek dit jier hawwe wer tûzenen minsken in persoanlike top 5 ynstjoerd. Op basis fan al dy stimmen wurdt de Fryske Top 100 gearstald. In represintative list dy’t in moai ynsjoch jout yn de foarkar fan it Fryske publyk.

    Al trije jier lang stiet Gurbe Douwstra mei it nûmer ‘The Cliffs of Moher’ op it heechste plak yn de Fryske Top 100. It duo Die Twa kaam mei ‘Fûgels’ yn 2010 en 2011 al yn de buert fan it earste plak. Sil it it duo dit jier wol slagje om de nûmer ien te wurden? Of komt der in oare artyst de list binnenstoarmjen?

    Op âldjiersdei is de folsleine Fryske Top 100 fan 2012 te hearren op Omrop Fryslân Radio. Dêrneist binne op Omrop Fryslân Televyzje live bylden te sjen fan 'e radiostudio. Under de útstjoering fan âldjiersdei kinne der ek foto's, sms- en twitterberjochten stjoerd wurde dy't op televyzje ferskine. Al mei al in prachtige dei, om net te missen.

    Fryske Top 100, moandei 31 desimber fan 07:00 oant 18:00 oere op Omrop Fryslân Radio en Televyzje.

    Kryst op ‘e radio: fan koper oant klassyk

    Eartiids waarden op earste krystdei moarns troch lokale korpsleden moaie krystnûmers spile. Op guon plakken yn Fryslân, lykas Snits en Wytmarsum wurdt dy tradysje noch hieltyd yn eare hâlden. Is dat yn dyn wenplak net sa, dan kinst by Omrop Fryslân op earste én twadde krystdei wekker wurde mei koperklanken op ‘e radio. Dus set de (wekker)radio fan 06:00 oant 09:00 oere oan foar krystmuzyk fan ferskate korpsen, benammen brassbands.

    Op twadde Krystdei kinst fan 09:00 oant 11:00 oere noch fierder genietsje fan krystmuzyk yn in muzykprogramma mei krystopnamen út it argyf fan de Omrop. In grut part sil fold wurde mei opnamen fan de Messiah fan George Friedrich Händel, makke yn 1989 yn Boalsert, mei ûnder oaren ‘For unto us a Child is born’ en it bekende ‘Halleluja-Koar’.
    Fierders komme wy tal fan muzikale skatten tsjin, sawol klassyk as modern of gewoan tradisjoneel. Krystmuzyk út it argyf; mis it net!

    Fansels binne der mei de kryst noch ferskate oare moaie radioprogramma’s te belústerjen. Earste krystdei kinst nei prachtige muzyk harkje yn it radioprogramma ‘Mei Douwe’ dat fan 9:00 oant 12:00 oere live presintearre wurdt troch Douwe Heeringa.
    Fierder kinst genietsje fan de moaiste muzyk fan eigen boaiem mei de Fryske Music Night, dy’t fan 16:00 oant 18:00 oere útstjoerd wurdt. Ek op twadde krystdei is der noch mear muzyk mei it jubileum fan Friesland Pop mei ûnder oaren Piter Wilkens en De Hûnekop, de finale stimdei fan de Fryske Top 100 en noch folle mear!

    dag datum programma
    sneon 22 desimber Sneon yn Fryslân
    snein 23 desimber Frâns syn Reis, 2009 + Docu keunstner Ruurd Wiersma, 2004
    moandei 24 desimber ABD sjoo kerstspecial, 2003 + Sybe Satellyt (oer reedriden), 1996
    tiisdei 25 desimber Kryst mei Klipkar, 2010 + Krystkonsert 2006, mei Maeike Sijtsma
    woansdei 26 desimber TOP100 finale stimdei
    tongersdei 27 desimber Dreamteam fan 'e greiden, kompilaasje 2001 + Doku Wout Zijlstra, 2007
    freed 28 desimber De dyk út, simmerrige Boppedat 1998 + Wyn op Woansdei: Hynders Noarderleech, 2006
    sneon 29 desimber Sneon yn Fryslân
    snein 30 desimber Lytse Teake kompilaasje + Fleanende Hollander, Piter Wilkens 2011
    moandei 31 desimber TOP100
    tiisdei 1 jannewaris Mix fan alle deitv_programma's
    woansdei 2 jannewaris Sjoch, dêr leit wat op 'e dyk, 2003 + Wyn op Woansdei: Doutzen Kroes, 2006
    tongerdei 3 jannewaris Live Centrumcross Surhústerfean
    freed 4 jannewaris Fryslân Boppe (2008), Hea, kompilaasje
    sneon 5 jannewaris Sneon yn Fryslân
    snein 6 jannewaris Nij lân, âlde grûn 1996 + Boeren yn Texas, 2010 (beide 1 deel)

      Winterwiken by Omrop Fryslân

    (advertinsje)
    (advertinsje)