Stim ôf en meitsje kâns!

Hieltyd mear minsken witte Omrop Fryslân op ‘e radio te finen. De groeiende harksifers wize út dat Fryslân massaal ôfstimt op 92.2FM. Om dat te fieren meitsje harkers as tank foar harren wurdearring dizze wike kâns op in spesjale Omrop Fryslân portable digitale radio mei alarmfunksje! De aksje rint fan moandei 24 oant en mei snein 30 oktober.

Hearsto it alarm fan de digitale radio? Reagearje dan fuortendaliks en stjoer in fergees SMS of Whatsapp berjocht, mei dêryn dyn plak en lokaasje dêr'tsto harkest, nei 06 204 991 99.

(advertinsje)
(advertinsje)