It wurdt in ûnlijige dei mei oan see in 'e rin fan de middei en jûn in hurde oant stoarmige súdwestelike wyn. Ut it noardwesten wei nimt de bewolking yn 'e middei ta, op 'e jûn komt it reinwetter. Mei temperatueren dy't oerdei lizze om de 8 of 9 graden wurdt it stadichoan sêfter.
We begjinne mei wat rein of storein, mar al gau wurdt it droech. Der komt yn 'e middei noch in soad bewolking foar, mar stadichoan kin op 'e Waadeilân en in it westen fan de provinsje de sinne noch wol tefoarskyn komme. De temperatueren komme út op sa'n 10 graden, by in matige oant frij krêftige wyn út it westen oant súdwesten.
Freed bewolking en sinne, maksima om de 10 graden en in matige oant krêftige westewyn. Sneon komt de sinne der ek even by, snein wat mear bewolking mar droech. Beide dagen wurdt it sa'n 8 of 9 graden. Begjin takom wike wat wikselfalliger mar it bliuwt 8 of 9 graden.
8°C
6°C
10°C
7°C
10°C
4°C
8°C
3°C
8°C
4°C
|
Rianne Hofman (17) fermist
22 feb 2012 - 19:33 |
|
Nijbou Thialf net by Sportstêd
22 feb 2012 - 18:30 |
|
Kooistra jout FNV-leden dien
22 feb 2012 - 15:05 |
|
Ofskiedtsjinst Gerrit Ybema
22 feb 2012 - 15:40 |
|
Besunigings by SC Hearrenfean
22 feb 2012 - 12:32 |