Fakatueres

Omrop Fryslân is in publike omrop en in mediabedriuw dat folop yn ûntwikkeling is. Neist regionale radio, telefyzje en ynternet, makket Omrop Fryslân ek programma’s foar NPO 2 en binne der edukative programma’s op radio en telefyzje. Omrop Fryslân wol regionaal werkenber, aktueel, ûnôfhinklik, betrouber en tagonklik wêze, ferdivedearje en fariearje. En Frysk: it poadium foar maatskiplike diskusjes yn de provinsje, belutsen by en ûnderdiel fan it deistige Fryske libben. Koartsein, Omrop Fryslân wol it mediabedriuw wêze dêr’t de Friezen net sûnder kinne!

Fakatueres

Freelance ferhaleferteller (sjoernalist)
Wy sykje in sjoernalist dy’t yn steat is ferhalen te fertellen foar al ús platfoarms. Ien dy't op in ynnovative wize nei it nijs sjocht en ek sa wurket. Ien dy't boartlik is, doart te eksperimintearjen mei foarm en risiko’s doart te nimmen.

Mar ek ien dy't goed Frysk kin, in rydbewiis hat, maklik mei minsken omgiet, yn steat is om in netwurk op te bouwen en in noas hat foar moaie en bysûndere ferhalen.

Mail dyn brief en/of filmke nei p&o@omropfryslan.nl. Ek foar fragen oer de fakatuere kinst dêr terjochte.

Staazje by de Omrop

Bist nijsgjirrich, entûsjast en sikest in ôfwikseljende en dynamyske staazje? Dan hawwe wy miskien wol it staazjeplak foar dy! Op ferskate ôfdielingen ha wy staazjeplakken beskikber foar MBU- en HBU-studinten.
▶️ Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)